Rantrum (Noardfrysk: Rånterem; Deensk: Rantrum) is in gemeente yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. Rantrum makket diel út fan it amt Nordsee-Treene en hat 1.988 ynwenners (2024).

De gemeente bestiet njonken it doarp mei deselde namme ek út de buorskippen Ipernstedt (Deensk: Ipersted), Lurup en Rantrum Deich.

Skiednis It grutte oantal prehistoaryske grêven yn it gemeentegebiet tsjut op iere bewenning fan it gebiet. It plak waard yn 1381 foar it earst neamd. Rantrum is grif âlder, mar om't de tsjerke fan Mildstedt yn 'e 14e iuw ôfbaarnde, binne der gjin eardere skriftlike fermeldings. De namme is ôflaat fan 'e persoansnamme Rante, dy't op syn beurt wer ôflaat is fan 'e seegoadinne Rán

Sûnt 1460 waarden grutte gebieten yndike, sadat de see-earm fan 'e Noardereider tsjin 1579 folslein feroare yn lân. Dat makke feehâlderij mooglik, dy't yn 'e twadde helte fan 'e 16e iuw syn bloeitiid hie.

Rantrum krige yn 1602 in skoalle. Sûnt 1910 rûn it spoar fan Husum nei Rendsburg troch Rantrum, mar dat is yntusken opheft.

Op 1 april 1934 waard de eardere plattelânsgemeente Mildstedt opheft. Alle doarpen yn dy gemeente waarden doe selsstannige gemeenten en sa ek Rantrum.

Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934