Risum-Lindholm (Noardfrysk: Risum-Lonham) is in gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente wurket mei oare gemeenten gear yn it amt Súdtondern en hat 3.914 ynwenners (2024).
Yn it plak Risum wurdt noch troch in diel fan 'e befolking it Mooringer dialekt fan it Noardfrysk (Frasch) praat. Op 'e legere skoallen wurdt it Frasch en ek op 'e Deenske Risum Skole wurdt it Noardfrysk ûnderwiisd. De strjitnammen yn nijbougebieten binne allegear Frysktalich.
Skiednis Risum wurdt tegearre mei Lindholm yn it Grûnboek fan Waldemar neamd as in ûnderdiel fan 'e gritenij Böking. De twa plakken lizze, krekt as Niebüll en Deezbüll, op in sandr, in waaiereftige ôfsetting fan pún of sân dy't foar de iiskap yn 'e iistiid foarme waard. Dy ôfsetting lei as in eilân heech boppe de omlizzende polders en waard doe't it heechfeen yn 'e midsiuwen noch bestie Risummoor (Risumfean) neamd.
Nei't de see by de Earste Grutte Mandrenke yn 1362 it omlizzende lân ûnder wetter sette, waarden de bedrige dielen bedike. Dat gebiet waard letter de Risummoorer Kornkoog (Risumfeanster Nôtpolder) neamd. Yn 1580 waard de midsiuwske dyk fersterke.
Troch de oanlis fan in daam nei Stedesand ûntstie yn 'e 15e iuw de Große Kohldammer-Koog (Grutte Kohldammerpolder) en yn 1544 de Kleine Kohldammer-Koog. Dy dyk briek by de Twadde Grutte Mandrenke, wat 402 minsken it libben koste. It gat waard pas wer sletten doe't yn 1641 de Maasbüller Herrenkoog oanlein waard.
De hjoeddeiske gemeente ûntstie yn 1969 troch de eardere selsstannige tsjerkedoarpen Risum en Lindholm gear te foegjen.
Monuminten Sawol de Sint-Sebastiaantsjerke fan Risum as de Sint-Michaeltsjerke fan Lindholm tankje harren hjoeddeiske oansjen oan 'e 18e iuw. Beide tsjerken geane lykwols op 'e 13e iuw werom. Se ha allebeide in frijsteande klokkestoel en in foar in part midsiuwske ynrjochting.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1969