Rodenäs (Noardfrysk: Runees) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente wurket mei oare gemeenten gear yn it amt Südtondern en hat 397 ynwenners (2024).
Skiednis Rodenäs wurdt yn it jier 1463 as Rodenesse en yn 1509 as Rodenese neamd; de algemiene útlis fan 'e namme is "by de reade lântonge".
Doarpen en terpen thumb|left|Sint-Dionysiustsjerke. De Sint-Dionysiustsjerke foarmet it geografyske middelpunt fan 'e gemeente, mar it doarp hat gjin sletten kearn; de huzen en pleatsen lizze rûnom yn 'e polder op terpen ferspraat. By in folkstelling yn it jier 1803 waarden de ferskillende doarpsdielen noch as "doarpen" oantsjut. Hjoed-de-dei binne dy âlde plaknammen libben bleaun as adressen yn Rodenäs.
De ferskate doarpsdielen binne: Oldorf, Markhäuser, Kixbüll, Onkelsgabe, Paysmark, Neudorf, Tevelum, Sibbershusum, Westerdeich, Rickelsbüll, Krummhusum, Norddeich, Dreisprung, Damm, Burg, Hörn, Schneedeich, Ophusum en Mettenwarf.
Yn âlde tiden, doe't de diken noch net oanlein of noch net feilich genôch wiene, wennen de minsken op terpen. Dat wiene gjin grutte terpen, mar lytse terpen mei ien of mear hûzen. Gruttere terpen yn 'e gemeente binne Krummhusum, Tevelum en de lange terp fan Oldorf mei de pastorij en oare hûzen. Yn Rodenäs binne lykwols ek terpen ôfgroeven.
Bysûnderheden Rodenäs leit oan 'e Deensk-Dútske grins. Yn 'e gemeente leit it meast noardlike punt fan it Dútske fêstelân.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934