Schwesing (Noardfrysk: Swiasing, Deensk: Svesing) is in plak yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. Schwesing hat 908 ynwenners (2024).
Skiednis Fynsten út 'e stientiid wize derop dat hjir om-en-de-by 5.000 foar Kristus al minsken wennen. In dúdlik bewiis dêrfan binne de likernôch 60 grêfheuvels yn en om Schwesing, dy't opmiten binne fan 3700 oant 3500 f.Kr. Dizze lizze of leine eastlik fan 'e âlde Oksewei (Ochsenweg) oan 'e hjoeddeiske B 200.
De plaknamme Schwesing komt sûnt de 14e iuw yn skreaune dokuminten foar as Swezing(h), Zwesent, de Swesen of to Swesum. De âldst bekende fermelding stammet út it jier 1381; dy datum jildt yn 'e kroniken as it begjin fan 'e skiedskriuwing. Dêrtroch koe de gemeente yn 2006 it 625-jierrich bestean fiere.
Schwesing is sûnt 1 april 1934 in selsstannige gemeente.
Fabianus en Sebastianustsjerke thumb|left|Fabianus en Sebastianustsjerke. De Sint-Fabianus en Sint-Sebastianustsjerke fan Schwesing is in romaanske fjildstiennen tsjerke út likernôch 1200. It gebou bestiet út in skip mei in smeller koer en in tige massive goatyske toer. Ut de boutiid fan 'e tsjerke datearret it romaanske grantiten doopfont. Op it alter stiet in letgoatysk fleugelalter út 1451 mei foarstellings út it libben fan Marije. De oargelkreake wurdt mei seis bibelske skilderijen fersierd, dy't yn 1887 makke binne troch de Noardfryske keunstskilder Carl Ludwig Jessen.
KZ Husum-Schwesing Yn 'e Twadde Wrâldoarloch lei yn dy gemeente it kamp Husum-Schwesing (Dútsk: Konzentrationslager Husum-Schwesing). Fan septimber oant ein desimber 1944 wie dit in bûtenkamp (Aussenlager) fan it konsintraasjekamp Neuengamme. De finzenen moasten ûnder tige swiere omstannichheden yn drege klaaigrûn allinnich mei de skeppe in 4 meter brede en 3 meter djippe tankgrêft, de Friesengraben, oanlizze. Sjoch û.o.: Frank Krake: De laatste getuige. Biografy fan in Amsterdammer, Wim Alosery, dy't as jongkeardel û.o. de konsintraasjekampen Neuengamme en Husum-Schwesing, en de skipsramp fan de Cap Arcona oerlibbe. Uitg. Achtbaan, 2018. ISBN 978 90 824 7641 5 Doe't bliken die dat dy tankgrêft militêr-strategysk ein 1944 gjin sin hie, waard it Aussenlager sletten en waarden de finzenen wer deportearre nei Neuengamme. Yn Husum-Schwesing binne sa'n 297 finzenen om it libben kaam. Op it plak is in betinkingsgebou oanwêzich (Haus der Gegenwart).
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934