Stadum (Noardfrysk: Ståårem)) is in plak en gemeente yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. Stadum makket diel út fan it amt Südtondern en telt 937 ynwenners (2024).

Yn 'e gemeente leit njonken it doarp Stadum ek it doarp Holzacker (Deensk: Holtager) en de buorskippen Fresenhagen (Noardfrysk: Frisenhuuwen; Deensk: Fresenhavn), Nordstadum en Stadumwatt.

Skiednis Argeologyske fynsten tsjutte der op dat it gemeentegebiet sûnt de midden stientiid (Mesolitikum) bewenne is. Yn it Langenberger Forst lizze twa hunebêden út 'e brûnstiid. Yn 1976 waard yn op in bouterrein it skelet fan in ko fûn. It bist libbe yn 'e 4e iuw en dat wiist op iere feehâlderij.

Stadum waard yn 1486 foar it earst offisjeel yn in oarkonde neamd, mar kaam yn 1359 al foar yn in tsjerkeboek. De plaknamme betsjut 'wenplak'. Op it lângoed Fresenhagen waard yn 1796 de liifeigendom ôfskaft.

Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934