Süderhöft ( Noardfrysk: Söleraanj; Deensk: Syderende) is in gemeente yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. Süderhöft makket diel út fan it amt Eiderstedt en hat 18 ynwenners (2024).

Geografy Süderhöft leit oan 'e noardwestlike igge fan 'e Treene yn it súdlike part fan it natuergebiet de Bredstedt-Husumer Geest. It plak leit yn in agraryske omjouwing, sa'n njoggen kilometer eastlik fan Friedrichstadt, op 'e oergong nei it lânskip Stapelholm dat fierder nei it suden rint.

Bestjoer De hjoeddeiske gemeente waard op 1 desimber 1934 oprjochte. Op dy datum waard de âlde plattelânsgemeente Schwabstedt (Kirchspielslandgemeinde Schwabstedt) opheft en waarden alle doarpen dy't dêrûnder foelen omfoarme ta selsstannige gemeenten en sa ek Süderhöft.

Om't de gemeente minder as 70 ynwenners hat, hat Süderhöft gjin eigen gemeenteried (Gemeindevertretung), mar op in mienskiplike gemeentegearkomste (Gemeindeversammlung) hawwe alle ynwenners fan 'e gemeente streekrjocht stimrjocht.

Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934