Tetenbüll (Noardfrysk: Teedenbel; Deensk: Tetenbøl) is in gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Eiderstedt en hat 591 ynwenners (2024).
Geografy It doarpsgebiet fan Tetenbüll leit op it noardlike part fan it skiereilân Eiderstedt yn it natuergebiet fan 'e Eiderstedter kwelder- en polderlânskip. Yn it noarden begjint de gemeente fuort by de kustkrite besuden de Heverstream, in soal yn 'e Waadsee.
Skiednis It skiereilân Eiderstedt, dat yn 'e 12e iuw noch in kwendereilân wie mei in simmerdyk fan sawat 1,5 meter heech, waard sûnt de ein fan 'e 14e iuw nei it noarden ta troch ynpolderjen útwreide. Nei de ferneatigjende Marsellusfloed fan 1362 waarden oan 'e ein fan 'e 14e iuw earst de Tetenbüller Kirchenkoog en de Tetenbüller Osterkoog mei it fêstelân ferbûn.
Yn 'e twa iuwen dy't folgen, waarden de folgjende polders oanlein en yndike: Tetenbüller Marschkoog (om 1400 hinne) Reinsbüllkoog (om 1400 hinne) Tetenbüller Trockenkoog (1475) Adenbüller Koog (1529) Altneukoog (1559) Sieversflether Koog (1610) Wasserkoog (1617)
It besjen wurdich Yn it doarp stiet de ymposante Sint-Annesjerke, in goatysk tsjerkegebou mei in rike ynrjochting. Dêrnjonken stiet yn Tetenbüll it histoaryske Haus Peters, in âlde koloniale hannelspost út 1820. Oarspronklik wie Haus Peters it foarein fan in pleats út 1765. De autentike ynrjochting fan Haus Peters is folslein bewarre bleaun.
Ofbylden
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934