Tinningstedt (Noardfrysk: Taningstää; Deensk: Tinningsted) is in gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Südtondern en hat 235 ynwenners (2024).
Geografy It doarpsgebiet fan Tinningstedt leit yn it natuergebiet fan 'e Lecker Geest (de geast fan Leck), noardwestlik fan Leck yn Südtondern. De grins tusken Denemark en Dútslân rint sa'n tsien kilometer benoarden it doarp.
Yn it suden fan 'e gemeente leit op 'e grins mei de buorgemeente Klixbüll in part fan it terrein fan 'e eardere militêre fleanbasis Leck.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein