Uelvesbüll (Noardfrysk: Ülwesbel) is in gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Eiderstedt.
Njonken it tsjerkedoarp Uelvesbüll lizze yn 'e gemeente ek de buorskippen Am Sand en Uelvesbüllerkoog, Smeerkrog en Barneckermoor, Bueerweg, Munleyweg-Schiedhörn en Porrendeich.
Skiednis It doarp Uelvesbüll wie in kerspel dêr't om 1710 hinne ek de buorskippen Barnekermoor, Bös-söwen, Porrendeich, Westerdeich, Norderfriedrichskoog en Schiedhörn ta hearden.
Twadde Marcellusfloed Foar de Twadde Marsellusfloed fan 1362 lei it âlde Uelvesbüll, dat by dy stoarmfloed ûndergong, op it eilân Strand. In grut part fan 'e huzen en lânbougrûn leine in stik fierder nei it noarden en westen yn 'e hjoeddeiske Waadsee. De buorskip Barneckermoor wie oarspronklik in selsstannige parochy mei in eigen tsjerke en hearde doe al by de herred Everschop. Letter waard Barneckermoor by de parochy Uelvesbüll foege.
Om't de Heverstream hieltyd breder waard, moast it nije Uelvesbüll nei it suden ta ferhûzje. Nei de floed, dy't ek de earste tsjerke ferneatige, kaam hiel Uelvesbüll ûnder de herred Everschop te fallen.
Sint-Nikolaastsjerke De twadde tsjerke, dy't nei de floed boud wie, moast yn 1854 wegens brekfalligens ôfbrutsen wurde. De hjoeddeiske Sint-Nikolaastsjerke waard binnen in heal jier boud yn 'e klassisityske en neogoatyske styl en koe op 6 oktober 1854 ynwijd wurde. Om't de Deenske kening Freark VII de bou mei jild stipe hie, droech de tsjerke fan 1854 oant 1964 de namme Friedrichskirche.
Yn it tsjerkegebou hinget in houten epitaaf út 1591, dat as it Volkmarsche Epitaph yn 'e keunstskiednis bekend wurden is. Yn 'e tsjerke stiet boppedat it iennichst bewarre en bespylbere pneumatyske oargel fan Eiderstedt, boud yn 1910 troch de bekende oargelboufirma Marcussen & Søn út Aabenraa.
It wrak fan Uelvesbüll thumb|left|It wrak fan Uelvesbüll. By wurk oan in útwetteringsslûs yn 'e Uelvesbüller Koog waard yn july 1994 it wrak fûn fan in platboaiem. Ut dendrogronologysk ûndersyk fan it ikehout die bliken dat it skip om it jier 1600 hinne boud wêze moat. Sawat tweintich jier letter is it skip foar de Adolfskoog yn in djippe ril fergong en sonken. Nei de berging en in konservearingsfaze fan twa jier yn in sûkeroplossing, is it wrak sûnt april 1998 te sjen yn it Schiffahrtsmuseum Nordfriesland yn Husum.
Natuer thumb|left|Ien fan 'e fjouwer wielen. Oan 'e Porrendyk lizze fjouwer wielen, dy't yn 'e 16e iuw troch it brekken fan 'e dyk ûntstiene. De gatten yn 'e boaiem binne doe net op 'e nij tichtsmiten. Yn it noardwesten fan Adolfskoop leit it natuergebiet Wester-Spätinge.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934