Wenningstedt-Braderup (Noardfrysk: Woningstair-Brēderep) op it eilân Sylt is in gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Landschaft Sylt en hat 1.406 ynwenners (2024).
Wenningstedt-Braderup bestiet út it oan 'e westlike kust lizzende Ortsteil Wenningstedt en it eastlik oan 'e Waadsee lizzende Ortsteil Braderup. It gemeentehûs stiet yn Wenningstedt, dat ek it grutste plak is. Braderup hat gjin âld doarpssintrum en wie healwei de 19e iuw in buorskip fan in pear pleatsen. Njonken de Braderuper Heide is dêr ek in Natuer en Ynformaasjesintrum fan 'e Natuerbeskerming fan Sylt.
Skiednis Iere skiednis en leginden Neffens histoaryske kaarten fan Johannes Mejer lei it âlde Wendingstadt foar de Twadde Marsellusfloed fan 1362 sa'n twa kilometer westliker as de hjoeddeistige kustline. By dy stoarmfloed gie it oarspronklike doarp mei grutte stikken lân ferlern. In âlde oerlevering wol hawwe dat de bekende Angelsaksyske legeroanfierders Hengist en Horsa út 'e haven fan it âlde Wenningstedt wei nei Ingelân fearn binne.
Fan boeredoarp nei baaiplak thumb|left|Friezenkapel. Oant it begjin fan 'e 19e iuw bestie Wenningstedt út mar acht pleatsen. De ynwenners libben fan 'e lânbou, de fiskerij en de walfiskfeart. De grutte groei fan it doarp begûn healwei de 19e iuw mei it opkommen fan it toerisme. Sûnt 1859 is Wenningstedt in offisjeel baaiplak. Yn 1914 waard de protestantske Fryske Kapel (Friesenkapelle) by de doarpsfiver boud.
Bestjoerlike ûntwikkeling Sûnt 1871 foarme Wenningstedt tegearre mei Kampen en Braderup de gemeente Norddörfer (Noarddoarpen). Dy namme ûntstie om't dizze doarpen de noardlikste plakken fan it hartochdom Sleeswyk wiene, wylst it noch noardliker lizzende List doe as enklave streekrjocht by it Keninkryk Denemark hearde. Nei de Dútsk-Deenske Kriich kaam hiel Sylt ûnder Prusysk bestjoer te fallen. Yn 1927 waard Kampen selsstannich en feroare de gemeente de namme yn Wenningstedt. Op 12 augustus 2002 krige de gemeente har hjoeddeistige namme Wenningstedt-Braderup.
Oarlochsskiednis Fan 1907 oant 1970 wie it doarp troch de Sylter Inselbahn ferbûn mei Westerland en List. Yn 'e nazy-tiid hie Hermann Göring in simmerhûs by Wenningstedt. Under de Twadde Wrâldkriich stie der yn 'e dunen in swiere Dútske kustbatterij, mar ta echte hannelingen kaam it dêr net. De bunkers waarden yn 'e jierren 1950 troch Britske troepen opblaasd en letter folslein ûnder it dúnsân begroeven.
It besjen wurdich en natuer Noardeastlik fan it doarp leit de Braderuper Heide. Dit oarspronklike heidelânskip waard al yn 'e jierren 1920 útroppen ta natuergebiet. It grinzget fuort oan it Nasjonaal Park Sleeswyk-Holsteinske Waadsee, dêr't regelmjittich waadrinstochten ûnder begelieding organisearre wurde.
Oan 'e noardrâne fan Wenningstedt leit Denghoog, in hunebêd dat mear as 5000 jier âld is en út 'e Stientiid (Neolitikum) stammet. De namme betsjut dingplak of rjochtstoel op in hichte. It grêf bestiet út tolve draachstiennen dy't trije grutte dekstiennen drage. It waard yn 1868 iepene en is sûnt 1928 iepen foar besikers.
Yn it sintrum fan Wenningstedt leit de doarpsfiver. De fiver waard yn 'e jierren 1950 troch de eigners oan 'e gemeente skonken. Om it doarpske karakter om 'e fiver en de Friesenkapelle hinne te behâlden, is der in lokale wet dy't ferplichtet dat alle oangrinzgjende nije huzen mei in reidtek boud wurde moatte.
Wenningstedt leit oan 'e râne fan 'e dunen op it Reade Klif (Rotes Kliff). Under it klif rint oer de folsleine lingte fan it doarp in breed sânstrân, dat benammen simmerdeis in soad toeristen lûkt. Ofbyldings
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934