Westerhever (Noardfrysk: Waasterheewer) is in gemeente op it skiereilân Eiderstedt yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Westerhever makket diel út fan it amt Eiderstedt en hat 89 ynwenners.

Yn 'e gemeente lizze de buorskippen Leikenhusen, Stufhusen, Sparhörn, Sieversbüll en Schanze.

Skiednis Westerhever wie oarspronklik in eilân dat yn 'e 12e iuw foar it earst permanint bewenne waard. De earste ynwenners bouden grutte doarps- of hûsterpen lykas Sieversbüll, Leikenhusen en Stufhusen, en beskermen it boerelân mei in ringdyk. By de Earste Grutte Mandrenke fan 1362 waard de earste tsjerke út 1123 folslein ferneatige.

Yn 'e buert fan 'e tsjerke leit de terp Wogemannsburg. Tusken 1362 en 1370 wennen dêr de saneamde Wogemänner. Dat wiene piraten dy't ek de omlizzende doarpen op it skiereilân plonderen. Yn 1370 waarden hja troch de befolking ferslein en dêrnei ûnthalze. Harren kastiel waard folslein ferneatige; de âlde kleastermoppen waarden letter brûkt foar de bou fan 'e nije tsjerketoer. thumb|left|Sint-Stefanustsjerke. De hjoeddeiske bakstiennen Sint-Stefanustsjerke bestiet út in goatyske toer út 1370 en in tsjerkeskip út 1804 (dat in stik lytser is as it oarspronklike skip). Tegearre mei it kafee foarmet de tsjerke it lytse doarpshert fan 'e gemeente.

Yn Westerhever binne noch ferskate grutte tradisjonele pleatsen bewarre bleaun. Op ien fan dizze pleatsen, de Siekhof, waard yn 1860 de keunstskilder Jacob Alberts (bekend as de Maler der Halligen) berne. Hy leit ek op it tsjerkhôf fan Westerhever begroeven.

Fjoertoer De 'Fjoertoer fan Westerheversân (boud yn 1906 en yn gebrûk naam yn 1908) is it ikoan fan it skiereilân Eiderstedt. De toer is 40 meter heech en stiet op in njoggen meter hege terp midden yn 'e kwelders, sa'n kilometer bûtendyksk. Hjoed-de-dei is de fjoertoer automatiseare en stiet it kompleks iepen foar besikers en toeristyske rûnliedings.

Kategory:Eiderstedt Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934