Welt (Noardfrysk: Wäilt; Deensk: Velt) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente wurket mei oare gemeenten gear yn it amt Eiderstedt en hat 194 ynwenners (2024).
Skiednis Al yn 'e 9e iuw setten boeren harren yn it gemeentegebiet nei wenjen op in sânwâl op 'e igge fan 'e eardere tijstream Süderhever.
Yn 1113 waard fanút Garding in houten kapel stifte. Yn 'e 13e iuw ûntstie de let-romaanske Sint-Michaeltsjerke.
Yn 1934 waard de âlde parochyplattelânsgemeente Garding opheft en ferdielt yn lytsere gemeenten. Sûnt is ek Welt in selsstannige gemeente.
Ofbylden
Kategory:Eiderstedt Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934