Tating (Noardfrysk: Taating) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Tating makket diel út fan it amt Eiderstedt en hat 965 ynwenners (2024).
Sint-Magnustsjerke De protestantske Sint-Magnustsjerke is de âldste tsjerke op it skiereilân Eiderstedt. De tsjerke is oan Magnus fan Trani wijd en de stifting giet werom op it jier 1103. De Magnustsjerke waard yn 'e rin fan 'e tiid ferskate kearen fergrutte. It âldste, noch romaanske diel is it tuskenkoer.
Hauborg en Hochdorfer Hauborg Garten Oan 'e westkant fan it doarp leit de histoaryske Hochdorfer Garten, in grut park dat yn 'e 19e iuw oanlein is. Yn it park leit in tige monumintale, reiddutsen pleats út 1764, hjoed-de-dei restaurant.
Ofbylden
Kategory:Eiderstedt Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934