De gemeente Sylt is in gemeente op it eilân Sylt yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente bestiet út sawat 60% fan it folsleine oerflak fan Sylt en yn 'e gemeente wennet likernôch 70% fan 'e totale eilânbefolking.
Gemeenteyndieling thumb|left|Riedshûs Westerland De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 2009 troch de fúzje fan 'e foarhinne selsstannige gemeenten Westerland, Sylt-Ost en Rantum. It doel wie ynearsten om alle gemeenten ta ien gemeente om te foarmjen ta de stêd Westerland, mar dat mislearre om't in pear gemeenten har dêrtsjin fersetten.
De gemeente bestiet út sân Ortsteile: Archsum (Noardfrysk: Ārichsem; Deensk: Arksum) Keitum (Noardfrysk: Kairem; Deensk: Kejtum) Morsum (Noardfrysk: Muasem) Munkmarsch (Noardfrysk: Munkmērsk; Deensk: Munkmarsk) Rantum (Noardfrysk: Raantem) Tinnum (Noardfrysk: Tinem) Westerland (Noardfrysk: Weesterlön; Deensk: Vesterland)
It besjen wurdich By Keitum leit dolmen Harhoog.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2009