Süderende ( Noardfrysk: Söleraanj, Deensk: Syderende) is in plak en gemeente op it eilân Feer yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente wurket mei oare gemeenten gear yn it amt Föhr-Amrum en hat 186 ynwenners (2024).
Skiednis It plak hearde foarhinne ta de gemeente Oldsum, dêr't Süderende it súdlik ein fan wie. Sûnt Denemark Sleeswyk ferlear oan Prusen yn 1864 en de dêrop folgjende weryndieling is Süderende in selsstannige gemeene. It súdlikste ûnbewenne diel mei in oerflak fan 122 ha bleau lykwols by de gemeente Oldsum en foarmet sûnt in eksklave. Sadwaande grinzget Süderende sawol yn it noarden as ek yn it suden oan 'e gemeente Oldsum.
It besjen wurdich Oan 'e súdlike râne fan it doarp stiet de Sint-Laurentiustsjerke (Kirche St. Laurentii). De tsjerke waard yn 'e 12e iuw fan fjildstiennen boud en dêrnei stadichoan fergrutte. De lettere boufazes binne ôf te lêzen om't dy yn bakstien útfierd binne. By de restauraasje yn 'e jierren 1990 waard de beskildering oan it ferwulft wer frijlein. Op it tsjerkhôf binne in soad pratende grêfstiennen te sjen (grêfstiennen dy't ferhelje oer de ferstoarne persoan).
Ofbylden
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1864