Fairey Barracuda 275px Rol Dûkbommesmiter, torpedobommesmiter Makker Fairey Aviation, Blackburn Aircraft, Boulton Paul, Westland Aircraft Untwerper Marcel Lobelle Earste flecht 7 desimber 1940 Yn tsjinst 10 jannewaris 1943 Tal makke 2.607 (1941-1945) Brûkers Fleet Air Arm thumb|left|300px|Fairey Barracuda Mk. III, it lêste type dat noch yn WK II makke waard De Fairey Barracuda wie in op in fleandekskip stasjonearre torpedobommesmiter en dûkbommesmiter fan de Britske Fairey Aviation Company, dy't foaral yn de Twadde Wrâldkriich brûkt is. De earste flecht fan it prototype wie op 7 desimber 1940. Earst 18 maart 1942 waard it earste searjetastel Barracuda Mk. I oan it Fleet Air Arm fan de Royal Navy levere, omdat de earste jirren fan de kriich grutter ferlet wie fan oare fleanmasine. Nei de oarloch waard de Barracuda fral noch as lesfleanmasine brûkt.

De Barracuda waard yn it foarste plak as dûkbommesmiter brûkt en yn it twadde plak as torpedobommsmiter. 42 Barracuda's fan fjouwer squadrons stsjonearre op de fleandekskippen HMS Victorious en HMS Furious dienen april 1944 in oanfal op it Dútske slachskip de Tirpitz yn it Kåfjord yn Noard-Noarwegen. Sr rekken it skip mei 15 foltreffers, mei pantsertrochboarjende 500 lbs (227 kg)- en 1000 lbs (454 kg) - bommen. Trije Barracuda's gienen by de aksje ferlern.

Ek april 1944 dienen Barracuda's fan de HMS Illustrious harren earste oanfal tsjin Japan yn de Pasifykkriich.

Technyske feiten

Barracuda Mk. II Feiten Lingte    12,11 m Hichte    4,60 m Spanwiidte    14,98opklapt 6,00 m Fleugeloerflak    34,09 m² Oandriuwing    ien 12-silinder-V-motor Rolls-Royce Merlin 32 (1.223 kW/1.640 hk) Grutste faasje    367 km/o op 535 m Krúsfaasje    311 km/o op 1.525 m Klimfaasje    250 m/min Tsjinstplafond    5.060 m Maks. fleanberik    maks. 1.101 km Aksjeradius    790 km Maks. fleantiid    3 oant 6,7 oeren Leechgewicht    4.241 kg Startgewicht    normaal 6.396 kgmaks. 6.950 kg mei starthelpraketten Bemanning    3 Bewapening    twa beweechbere 7,7-mm-MG Browning Smytwapens    ien 735 kg torpedo of726 kg bommen ofseis 113 kg wetterbommen of 744 kg minen

Fergelykbere typen Supermarine Type 322→ is net fierder kaam as prototype Nakajima B5N Nakajima B6N Tenzan→ Alliearde koadenamme: Kate → Alliearde koadenamme: Jill Grumman TBF Avenger

Literatuer Donald, David and Lake, Jon, editors. Encyclopedia of World Military Aircraft. Londen: AIRtime Publishing, 1996. ISBN 1-880588-24-2 Gunston, Bill. Classic World War II Aircraft Cutaways. Londen: Osprey, 1995. ISBN 1-85532-526-8. Hadley, D. Barracuda Pilot. London: Airlife Publishing, 2000. ISBN 1-84037-225-7. Taylor, H.A. Fairey Aircraft Since 1915. Londen: Putnam, 1974. ISBN 0-370-00065-X

Keppelings om utens Fairey Barracuda British Aircraft of World War II: Fairey Barracuda

Kategory:Britske bommesmiter Kategory:Britske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1940