Reußenköge (Noardfrysk: Reußenkuuge) is in gemeente yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân.
De gemeente hat fierder gjin echte doarpskearn, mar bestiet út in gebiet fan sân polders. By de gemeente heart ek noch de Hamburger Hallig. It gemeentehûs stiet yn 'e Struckumerpolder (Struckumer Koog), krekt bûten it eigen gemeentegebiet. De gemeente is formeel amtsfrij mar foar it bestjoer ferbûn mei it amt Mittleres Nordfriesland en hat 300 ynwenners (2024).
Skiednis It gebiet fan 'e hjoeddeiske gemeente bestiet folslein út yndike lân. De âldste polder is de Sophien-Magdalenenpolder, dy't yn 1741 foltôge waard. De polders krigen harren namme fan it aadlike hûs Reuß, om't greve Hindrik LXI fan Reuß-Köstritz troch syn houlik yn 1784 it besit krige oer in grut part fan it ynpoldere lân. Yn 1789 waard de Reußenpolder yndike, folge troch de Louisen-Reußen-polder yn 1799.
Yn 'e 20e iuw waard it gebiet fierder útwreide mei de Cecilienpolder (1905) en de Sönke-Nissenpolder (1926). De hjoeddeiske gemeente Reußenköge ûntstie formeel yn it jier 1929, doe't de ferskate polders - dy't oant dy tiid bestjoerlik selsstannich wiene - gearfoege waarden ta ien nije plattelânsgemeente.
Yn 1987 waard mei de foltôging fan 'e Beltringharderpolder de lêste grutte polder oan it gebiet tafoege. Sûnt 2008 wurdt it papierwurk en de administraasje fan 'e gemeente útfierd troch amtners yn Bredstedt troch in bestjoersmienskip mei it amt Mittleres Nordfriesland.
Gemeenteyndieling Oersjoch fan de polders (Köge)
Nr. Polder Yndiking Oerflak(km²) 1 Cecilienkoog 1905 4,48 2 Desmerciereskoog 1767 3,60 3 Louisen-Reußen-Koog 1799 4,09 4 Reußenkoog 1789 5,11 5 Sönke-Nissen-Koog 1926 11,40 6 Sophien-Magdalenen-Koog 1741 6,19 - Beltringharder Koog 1987 9,32 - Hamburger Hallig 1628 1,73 Gemeente Reußenköge 45,91mini|240px|sintraal|Reußenköge: Yndieling yn polders
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1929