Poppenbüll (Noardfrysk: Popenbel; Deensk: Poppenbøl) is in plak en gemeente yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. Poppenbüll makket diel út fan it amt Eiderstedt en hat 246 ynwenners (2024).

Skiednis De plaknamme betsjut nei alle gedachten delsetting fan Poppo, wêrby't it nammediel "-büll" (-bbel) út it Deensk liend is en "wenplak" betsjut. Poppo, mooglik berne yn 'e kontreien, wurke fan 960 oant 970 yn 'e omkriten as apostel, sa't J.A. Petersen beskriuwt yn syn Wanderungen durch die Herzogthümer Schleswig, Holstein und Lauenburg (1839–1847). thumb|left|Tsjerke fan Poppenbüll. De Jehannespolder (Johanniskoog) waard nei alle gedachten yn 'e 12e iuw yndike (Caspar Danckwerth neamt mei in ferwizing nei de Dútske kronykskriuwer Peter Sax it jier 987). Yn 1113 waard yn Poppenbüll in tsjerke boud, dy't yn dy tiid by it kerspel fan Garding hearde. It alter fan 'e Sint-Jehannistsjerke, makke troch Marten van Achten, waard yn it jier 1883 troch de bekende Noardfryske skilder Carl Ludwig Jessen fernijd.

Yn it earstoan omklamme in dyk fan mar 1,50 meter heech de lytse polder, dy't letter oan 'e kant fan it Fallstief twa kear ferhege waard. De dyk beskerme de lânbougrûn en ferskate grutte 12e-iuwske terpen, lykas Helmfleth en Hundorf. Nei't de polder hielendal yndike wie, waarden der mear terpen foar pleatsen opsmiten.

Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein