Osterhever (Noardfrysk: Uasterheewer; Deensk: Østerhever) is in plak yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. Osterhever makket diel út fan it amt Eiderstedt en hat 214 ynwenners (2024).
De gemeente Osterhever bestiet njonken it doarp út de buorskippen Böhlingshörn, Köpsiel, Mühlendeich, Norderdeich, Pilkenkreuz, Schockenbüll, Seegaard en Slatterack.
Skiednis De archeologyske boarringen op 'e terp fan Osterhever wiisden út dat dy yn 'e midsiuwen fan klaai ophege is. De terp waard dus opsmiten mei materiaal dat fan 'e seeboaiem helle waard, om sa in stoarmfloedfeilige hichte te bouwen. De Osterheverpolder (Osterhever Koog) waard yn 'e 12e iuw yndike. Yn 'e lette midsiuwen ferlear it kerspel troch ferskillende stoarmen lân yn it noarden en westen oan 'e Noardsee, dat it Fallstief neamd wurdt.
De súdlik oanslutende Mühlendeich fan 'e Mimhusenpolder (Mimhusenkoog) waard yn 1991 troch de archeolooch Dirk Meier ûndersocht. De opgravings brochten in lege dyk út de 12e of 13e iuw oan it ljocht, dy't ferskate kearen ferhege wie. De diken sakken yn 'e rin fan 'e tiid hieltyd wer yn 'e ynstabile ûndergrûn wei.
De romaanske Sint-Martinustsjerke datearret út 'e earste helte fan 'e 13e iuw.
Kategory:Eiderstedt
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein