Lady Victoria Welby (1837–1912) wie in foaroansteand Britsk filosofe en taalteoretikus. Sy waard ferneamd as de grûnlizzer fan de significa: in semiotyske stúdzje fan taal en minsklike ferstânhâlding. Frederik van Eeden hat it wurk yn 1897 yn Nederlân ynbrocht; it hie ynfloed op ûnder oaren L.E.J. Brouwer, Gerrit Mannoury, Jacob Israël de Haan en Adriaan de Groot.
Tige ferneamd is ek har briefwikseling mei de filosoof Charles Peirce.
Literatuer Gerrit Mannoury, Signifika: een inleiding, Den Haag, Servire, 1949. Charles S. Hardwick (red.), Semiotic and Significs: The Correspondence between Charles S. Peirce and Victoria Lady Welby, Bloomington, 1977. ISBN 0-253-35163-4.
Kategory:Ingelsk filosoof Kategory:Ingelsk publisist Kategory:Ingelsk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1837 Kategory:Persoan stoarn yn 1912