Kloetinge is in doarp yn 'e gemeente Goes yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. It doarp Kloetinge en de stêd Goes binne oan inoar fêstgroeid. It doarp hat 3.308 ynwenners (2026).

Skiednis Kloetinge is ien fan 'e âldste doarpen op Súd-Bevelân. It doarp ûntstie yn 'e 10e iuw op in streamrêch as ferbliuwplak foar hoeders. Dat it plak al yn 'e tsiende iuw bewenne waard, docht bliken út archeologyske fynsten yn 'e jierren 1967-1969 yn it doarp.

Al ier yn 'e alfte iuw setten de bewenners útein mei it ferstevigjen fan 'e doarpskearn mei skieppedong om sa it doarp drûch te hâlden. Dat de kearn fan it doarp heger leit is ek hjoed-de-dei noch altiten te sjen. Dêrmei hinget de doarpsnamme gear: 'kloeten' ferwiist nei kluten. By opgravingen yn in sintrum fan it doarp binne likernôch fjouwer meter djippe lagen skieppedong weromfûn, dy't út de alfte en tolfte iuw stamme. Dêrút docht ek bliken dat it hâlden fan skiep noch lang in wichtich middel fan bestean west hat.

De protestantske tsjerke wie oarspronklik wijd oan Sint-Gertrudis en datearret foar in grut part út de 13e iuw. It is in moai foarbyld fan Flaamsk-goatyske bakstienbou. Oarspronklik hat de tsjerke trijeskippich west. Yn 'e omjouwing fan 'e tsjerke stiene ek ferskate fersterke boerepleatsen en kastielen, lykas Hûs Smallegange. By de hjoeddeiske pleats Ravenstein stie it kastiel Ravenstein, it fersterke hûs fan 'e ambachtshearen fan Kloetinge. Yn 'e 16e en 17e iuw wiene lânbou, sâltwinning en learbewurking wichtige middelen fan bestean.

It doarp hat eartiids grêften mei poarten hân dy't oant de ein fan 'e 17e iuw bestiene. Yn 'e midsiuwen hie Kloetinge strategysk belang, wat bliken docht út de oanwêzigens fan ferskillende wieren, dy't tagelyk de ferdigening fan it plak tsjinnen mei yn 'e measte gefallen toereftige bouwurkjes op 'e wier. Yn 1572 waard it doarp troch de geuzen platbaarnd, mar yn 1578 kaam it yn hannen fan 'e Prins fan Oranje. thumb|left|Kloetinge yn 1888 mei in groep bern yn Siuwske dracht. Yn 'e 20e ieu waard Kloetinge troch in geunstich belestingklimaat populêr ûnder begoedige ynwenners fan Goes, wat it doarp de bynamme 'it Wassenaar fan Seelân' joech. Yn 1970 waard de selsstannige gemeente opheft en waard it grutste part fan 'e âlde gemeente by de gemeente Goes yndield. Hjoed-de-dei is it doarp hast hielendal oan Goes fêstgroeid.

Ambachtshearlikheid De ambachtshearlikheid Kloetinge wie troch de iuwen hinne yn besit fan ferskate aadlike skaaien, lykas Fan Borssele en Fan Brederode. Sûnt 1843 is de hearlikheid yn hannen fan 'e famylje Clotterbooke Patijn en harren neiteam (no de famylje Van Dijk van 't Velde). It âlde ambachtshearhûs waard yn 1881 ôfbrutsen om romte te meitsjen foar in nije pastorij en gemeentehûs.

It besjen wurdich thumb|260px|Eastmûne. Kloetinge is ien fan 'e santjin beskerme Siuwske steds- en doarpsgesichten en hat tsientallen ryksmonuminten. In soad ryksmonuminten steane oan 'e Jachthuisstraat, Geertesplein en Marktveld.

De Eastmûne (Oostmolen) is in rûne stellingmûne út 1704. De Geertestsjerke is de protestantske tsjerke fan Kloetinge. Oan it Marktveld stiet it bertehûs fan 'e meteorolooch Buys Ballot (1817 - 1890). Krekt bûten it doarp stiet it Jachthûs, in âlde bûtenpleats.

Kategory:Plak yn Goes Kategory:Eardere gemeente yn Seelân