Hengstdijk is in doarp yn 'e gemeente Hulst yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. It doarp hie yn 2026 653 ynwenners.
Skiednis Hengstdijk is ien fan 'e âldste doarpen fan eastlik Siuwsk-Flaanderen. De dyk dêr't it doarp oan leit, waard yn 1161 opsmiten. Fuort dêrnei waard ek in parochy stifte. De ynpoldering waard útfierd troch muontsen fan 'e doetiidske abdij fan Us-Leaffrou Ten Duinen.
It doarp leit oan 'e kreek De Vogel en hie eartiids in iepen ferbining mei de Westerskelde. Lykas in soad doarpen rekke ek Hengstdijk nei de Twadde Wrâldkriich in soad foarsjenningen kwyt, mar de tsjerke út 1892 stiet der noch jimmeroan.
Oant 1936 wie Hengstdijk in selsstannige gemeente, dêr't ek de buorskippen Oostdijk en Oude Stoof ta hearden. Tusken 1936 en 1970 makke it doarp diel út fan 'e gemeente Vogelwaarde; dêrnei fan Hontenisse en sûnt 2003 fan 'e gemeente Hulst.
Namme De âldste foarm fan 'e doarpsnamme is Hengisdic. Oer ferskate tuskenfoarmen lykas Hainsdijc en Heijnxdijck ('Heinsdijk') waard earst nei 1700 foar it earst in "t" yn 'e namme tafoege. De namme fan it doarp hat nea mei in 'dyk foar hynsten' te krijen hân, mar ferwiist nei de dyk fan in persoan dy't Hein hjitten hat.
It besjen wurdich De monumintale roomsk-katolike Sint-Katarinatsjerke is in oan Katarina fan Aleksandrje wijd neogoatysk tsjerkegebou út 1892.
Kategory:Plak yn Hulst Kategory:Eardere gemeente yn Seelân