Axies wie in Fryske jongereinferiening, oprjochte yn feberewaris 1970, mei as doel om troch aksjes en progressyf belied nei te stribjen. Axies kin sjoen wurde as in Fryske manifestaasje fan provo en kabouterwêzen, ûntstien om "Hippopotamus". By de riedsferkiezings helle Axies mei programmapunten as behâld binnenstêd, ombûging fan it jeugdbelied, mear iepenheid en ynspraak, 4,9% fan de stimmen (twa riedssitten). Riedsleden: Th. van Haaren en frou L. Woudstra-Peene; de lêste waard nei sa'n oardel jier ferfongen troch Piet van der Wal (1946-2019).
Bûten de ried wie Axies ek aktyf by strjitte- en besettingsaksjes: besetting fan ôf te brekken gebouwen (wêrûnder persielen yn de Toerstrjitte en De Klanderij), fytsbelledemonstraasjes tsjin de oerhearsking fan it autoferkear. Om it ferfal fan de binnenstêd tsjin te gean, waard de aksjegroep Het Kloppend Hart oprjochte. By de riedsferkiezings yn 1974 helle Axies 6,5% fan de stimmen (twa sitten).
Axies bestie oant yn 1978.In memoriam Piet van der Wal, Frysk Deiblêd 3 maart 2019
Kategory:Fryske feriening Kategory:Fryske jongereinorganisaasje Kategory:Skiednis fan Ljouwert Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1970 Kategory:Organisaasje opheft yn 1978