Wilhelminadorp is in lyts doarp yn 'e gemeente Goes, yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. It doarp hat 760 ynwenners (2026).
Skiednis Wilhelminadorp ûntstie yn 1812 doe't de Wilhelminapolder yndike waard. Oarspronklik hiet de polder 'Lodewijkspolder', om't Loadewyk Napoleon yn 1809 it inisjatyf naam om it gebiet yn te polderjen. Yn 1815 krige de polder syn hjoeddeiske namme, nei de frou fan kening Willem I. Yn 'e polder waard mar ien lânboubedriuw stifte: de Koninklijke Maatschap de Wilhelminapolder. Dat bedriuw bestiet noch jimmeroan en is ien fan 'e grutste lânboubedriuwen fan Nederlân. It bedriuw beslacht in oerflak fan 1700 hektare, wêrfan goed 1300 hektare ikkerbou.
Oant de iepening fan 'e Seelânbrêge yn 1965 hie Wilhelminadorp in fearferbining mei Skouwen-Duvelân: de feartsjinst Zierikzee-Katseveer.
Lizzing Wilhelminadorp leit oan it kanaal fan Goes nei de Easterskelde. De buorskippen Goese Sas, dat oan 'e mûning fan it kanaal leit, en Roodewijk hearre by Wilhelminadorp.
Kultuer De protestantske tsjerke yn it doarp is boud neffens in ûntwerp fan Isaäc Warnsinck. It KNMI hie fan 1962 oant 2014 in offisjeel waarstasjon yn Wilhelminadorp. Sûnt septimber 2017 is der wer in operasjonneel waarstasjon yn Wilhelminadorp, no oan de Oude Veerweg.
Kategory:Plak yn Goes