Wolphaartsdijk (Siuwsk: Wolfersdiek) is in doarp yn 'e gemeente Goes yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. It doarp leit noardwestlik fan Goes. Tichteby leit it folle lytsere Oud-Sabbinge. It doarp hat 2.329 ynwenners (2026). It doarp leit tsjintwurdich op Súd-Bevelân, súdlik fan de Fearske Mar.

Skiednis De Bevelannen binne ûntstien op in útwrydsk feangebiet dat troch de ieuwen hinne feroare waard yn bewenber lân. Fanwegen it grutte tal oerstreamings dêr't it gebiet mei te krijen hie, is it dreech om út te finen hoe't it der eartiids krekt útseach. Wêr't hjoed-de-dei fan útgien wurdt, is dat de ambachten Sabbinge, Westkerke en Oostkerke fan oarsprong lytse, aparte eilantsjes west ha dy't nei in grutte stoarmfloed yn 1134 troch bediking stadichoan oan inoar groeiden.

Sabbinge is de âldste wenkearn en ien fan 'e âldste doarpkes op 'e Bevelannen. Nei alle gedachten ûntstie it doarp yn 'e tsiende iuw, krektlyk as Kloetinge en Goes. Mooglik bestie it doarp al yn 'e njoggende ieu. Westkerke ferdwûn al nei in pear iuwen yn 'e weagen, nei in stoarmfloed yn 1377. Mei de ûndergong fan Westkerke fergyng ek it kastiel Muiden, dat op 'e westlike punt fan it eilân stie. Oostkerke, dêrfoaroer, ûntstie nei alle gedachten krektlyk as in soad oare doarpen op Súd-Bevelân nei de bedikingen fan 1134. It doarp waard lang om let yn 1960 offisjeel omneamd ta Wolphaartsdijk, mar dy namme waard al hûnderten jierren earder brûkt om Oostkerke mei oan te jaan. De folgjende iuwen waarden der jimmeroan mear lân ynpoldere of werop op it wetter wûn en it eilân waard jimmeroan grutter.

Yn 'e 16e ieu hie it gebiet op 'e nij in soad te lijen. Troch stoarmen yn 1530 en 1532 en de Sint-Pontianusfloed yn 1552 wie der op 'e nij sprake fan lânferlies. Ek de Alderheljenfloed fan 1570 soarge foar fernielingen; de Westkerke- en de Westerlandpolder ferdwûnen oant 1665 yn see. Foarôfgeand oan it Belis fan Goes yn 1572 fernielden de geuzen boppedat de tsjerken fan Oud-Sabbinge en Wolphaartsdijk. thumb|left|18e-iuwske kaart fan 'e eilannen Noard-Bevelân, Wolphaatsdijk en East-Bevelân. Yn 'e 17e en 18e ieu folge in rêstiger tiid en de breedte fan 'e Schenge, dy't it eilân fan Súd-Bevelân skiede, waard hieltyd lytser. Yn it begjin fan 'e 19e ieu stie Wolphaartsdijk ûnder Frânske oerhearsking. Yn 1809 waard de Wilhelminapolder ynpoldere; Wolphaartsdijk waard sa oan it fêstelân fan Súd-Bevelân fêstmakke. De Wilhelminapolder waard ynearsten Lodewijkspolder neamd, nei kening Louis Bonaparte fan it doetiidske Keninkryk Hollân 1806-1810). De Schenge, dy't hast hielendal fersâne wie, waard yn 1874 mei in dyk ôfsletten, tichtby de hjoeddeistige slûs De Piet.

Wolphaartsdijk waard troch de wettersneed fan 1953 swier troffen. Fjirtjin minsken kamen om en ferskate polders rûnen ûnder wetter. As gefolch fan it Deltaplan waard de Zandkreek yn 1960 ôfsletten, wêrnei't de fearferbining mei Kortgene opheft waard. Troch de oanlis fan 'e Veerse Gatdam yn 1961 leit it doarp no oan 'e Fearske Mar.

Wapen Wolphaartsdijk fiert in wapen dat al yn 'e sechstjinde iuw yn gebrûk is: in op 'e see wrakseljende griffioen op goud, mei seis weagjende dwersbalken yn sinopel en sulver. It is in sprekkend wapen dat in soad oerienkomsten fertoant mei it wapen fan 'e provinsje Seelân.

It besjen wurdich De protestantske Nikolaustsjerke. De nôtmûne De Hoop úit 1808.

Kategory:plak yn Goes Kategory:Eardere gemeente yn Seelân