Hulst (Siuwsk: Ulst) is in gemeente yn it súdeasten fan 'e provinsje Seelân, yn 'e lânstreek Siuwsk-Flaanderen. Hulst is yn syn hjoeddeistige foarm ûntstien by in gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 2003, en beslacht sûnt it hiele easten fan Siuwsk-Flaanderen.

Hulst hat ynwenners () en hat in oerflakte fan 251,82 km² (wêrfan 50,56 km² wetter).

Haadplak is de stêd Hulst.

Kearnen Yn it suden fan 'e gemeente leit de festingstêd Hulst. Yn it wide poldergebiet dêromhinne lizze fjirtjin doarpen mei in eigen karakter.

Plak Ynwenners (2023) Clinge 2.305 Graauw 945 Heikant 1.160 Hengstdijk 685 Hulst 11.030 Kapellebrug 355 Kloosterzande 3.190 Kuitaart 245 Lamswaarde 565 Nieuw-Namen 960 Ossenisse 305 Sint Jansteen 3.190 Terhole 470 Vogelwaarde 1.860 Walsoorden 335

De gemeente telt fierder in tige grut buorskippen.

Skiednis De hjoeddeiske gemeente Hulst ûntstie troch ferskate gemeentlike weryndielingen. Yn 1961 stiene de gemeenten Vogelwaarde, Hontenisse, Graauw en Langendam, Clinge en Sint Jansteen in lyts part fan harren grûngebiet ôf oan Hulst, sadat de stêd romte krige foar útwreiding mei nijbou. Yn 1970 fûn in grutte gemeentlike weryndieling yn Siuwsk-Flaanderen plak, wêrby't Hulst ien fan 'e acht oerbleaune gemeenten waard. Yn 2003 waard dat oantal werombrocht nei trije. Ien fan dy trije is de gemeente Hulst.

Kategory:Gemeente yn Seelân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2003