Haaksbergen (Nedersaksysk: Hoksebarge of Wakesbaaign) is in doarp en gemeente yn de provinsje Oerisel, mei ynwenners (, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 105,55 km² (wêrfan 0,27 km² wetter). De gemeente Haaksbergen waard yn 1811 oprjochte. De ierste spoaren fan bewenning binnen de hjoeddeistige gemeentegrinzen fan Haaksbergen binne fûn by de Buurserbeek. Se datearje nei alle gedachten fan om 800 foar Kr.

Plakken De gemeente Haaksbergen bestiet út 3 doarpen en njoggen buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Haaksbergen, dat ek it grutste doarp is. Doarp Buorskip Buurse Boekelo Haaksbergen Brammelo St. Isidorushoeve Den Braam Eppenzolder Harmöle Holthuizen Honesch Langelo Stepelo

Lizzing De gemeente Haaksbergen leit yn it suden fan Twinte, de gemeente grinzet yn it noarden oan de Oeriselske gemeenten Hôf fan Twinte, Hengelo en Ynskedee. Dêrneist foarmet de grins fan Haaksbergen yn it súdwesten tagelyk de provinsjegrins mei Gelderlân en de gemeente Berkelland. Yn it suden en súdeasten lizze de Dútske gemeenten Vreden en Ahaus.

Kategory:Gemeente yn Oerisel Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1811