Hôf fan Twinte (Nederlânsk: Hof van Twente; Nedersaksysk: Hof van Tweante) is in gemeente yn de provinsje Oerisel, mei ynwenners (, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 218,50 km² (wêrfan 1,12 km² wetter). De gemeente waard yn 2001 stifte troch in fúzje fan 'e eardere gemeenten Diepenheim, Goor, Markelo, Amt Delden en Stêd Delden.

Plakken De gemeente Hôf fan Twinte bestiet út trije stêden, 3 doarpen en achttjin buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Goor dat ek it grutste plak is. Stêd Doarp Buorskip Delden Bentelo Achterhoeke Diepenheim Hengevelde Azelo Goor Markelo Beusbergen De Ha Deldenerbroek Deldeneresch Dijkerhoek Elsen Elsenerbroek Herike Kerspel Goor Markelosebroek Markvelde Pothoek Schoolbuurt Stokkum Wiene Zeldam

Ferkear en ferfier By de noardgrins fan de gemeente del rint de autosneldyk A1, mei ôfslaggen op 'e hichte fan Markelo en Goor. Troch de gemeente rint it Twintekanaal. Parallel dêroan leit de Steatsline D, mei twa stasjons yn Goor en Delden. It busferfier wurd fersoarge troch Arriva ûnder de oerkoepeljende namme RRReis.

Keppeling om utens toeristyske webstee fan Hôf fan Twinte

Kategory:Gemeente yn Oerisel Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2001