Olst-Wijhe (Nedersaksysk: Olst-Wieje) is in gemeente yn de provinsje Oerisel, mei ynwenners (, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 118,50 km² (wêrfan 2,52 km² wetter). De gemeente ûntstie yn 2001 út 'e fúzje fan 'e eardere gemeenten Wijhe en Olst.
plakken De gemeente Olst-Wijhe bestiet út 7 doarpen en njoggen buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Wijhe, dat ek it grutste doarp is. Doarp Buorskip Boerhaar Duur Boskamp Eikelhof Den Nul Elshof Olst Fortmond Welsum Hengforden Wesepe Herxen Wijhe Marle Middel Welsumerveld
Ferkear en ferfier De provinsjale diken N337 (Dimter - Olst - Wijhe - Swol) en de N348 (Dimter - Wesepe - Raalte - Ommen) trochkruse de gemeente, lykas de steatsline A . Sawol Olst as Wijhe hawwe in spoarweistasjon dêr't in intercity twa kear yn 'e oere ophâldt. De gemeente hat twa fearponten oer de Isel: Wijhe-Vorchten en Olst-Welsum.
Kultuer en rekreaasje Yn Olst-Wijhe leit it natuergebiet Duursche Waarden dat diel útmakket fan de Uterwaarden fan de Isel. Om de ruïnes fan it eardere stienfabryk Fortmond hinne binne fan de jierren 1990 ôf troch Steatsboskbehear natuergebieten ûntwikkele. De doarpen Olst en Wijhe en it buorskip Marle hawwe mealfeardige nôtmûnen.
Keppeling om utens toeristysk webstee Olst-Wijhe
Kategory:Gemeente yn Oerisel Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2001