Stienwikerlân (Nederlânsk: Steenwijkerland; Nedersaksysk: Steenwiekerlaand of Stienwiekerlaand) is in gemeente yn de provinsje Oerisel mei (, boarne: CBS) op in oerflak fan likernôch 330,00 km² (dêr't likernôch 33 km² fan wetter is).

Gemeentenamme Op 1 jannewaris 2001 waarden de gemeenten Iselham en Brederwiede oan de gemeente Stienwyk tafoege. De ynwenners fan dy twa eardere gemeenten wienen it lykwols net iens mei de namme Stienwyk. Se joegen oan in namme as "Kop fan Oerisel" of "Stienwikerlân" better te finen, om't by allinnich de namme "Stienwyk" it krekt like oft de gemeenten troch Stienwyk anneksearre wienen. Troch dy protesten is de namme fan de gemeente op 1 jannewaris 2003 feroare ta Stienwikerlân.

Plakken It haadplak fan de gemeente is Stienwyk. De gemeente hat 3 stêden, Bloksyl, Stienwyk en Follenhove, en 28 doarpen en 17 buorskippen.

Plaknamme Ynwenners ()Sintraal Buro foar de Statistyk Aldemerk Baarlo Baars Basse Belt-Schutsloot Blankenham Bloksyl De Bult Eesveen Follenhove Giteren Iselham Sint-Janskleaster Kalenberch Kallenkote De Kúnder Marijenkampen Nederland Onna Ossensyl Paaslo De Pol Scheerwolde Stienwyk Stienwikerwâld Tuk Wanneperveen Wetering Willemsoard Witte Paarden Zuidveen

Fierder hat de gemeente noch in rige buorskippen: Barsbeek, Basserveld, Blauwe Hand, De Klosse (foar in part), Dinxterveen, Doosje, Dwarsgracht, Heetveld, Jonen, Kadoelen, De Kolk (foar in part), Leeuwte, Moespot, Molenhoek, Muggenbeet, Ronduite, Zuideinde.

Polityk Ferdieling sitten gemeenteried Gemeenteriedssiten Partij 2006 2010 2014 2018 2022<ref>Side gemeente Stienwikerlân, oproppen 3 april 2022</ref> BGL (Bûtengewoan Leefber) 23668 CPB (Kristlike Partij Boargerbelangen)33435 PvdA 86554 VVD34343 CDA 55442 CU22222 GL---22 D66-1311 PAS (Progressyf Alternatyf Stienwikerlân) 22--- SP21--- Totaal 27 27 27 27 27 Opkomst ? ? ? ? 55,19%

Keppeling om utens Webstee fan de gemeente

Kategory:Gemeente yn Oerisel Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2001