Swartewetterlân (Nederlânsk: Zwartewaterland, Nedersaksysk: Zwärtewäterlaand) is in gemeente yn de provinsje Oerisel, mei ynwenners (, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 84,93 km² (wêrfan 4,20 km² wetter). De gemeente hat syn namme krigen fan it rivierke it Swarte Wetter, faaks moat dit lêzen wurde as it 'Swettewetter', wat grinswetter betsjut. Swartewetterlân ûntstie yn 2001 út in fúzje fan 'e eardere gemeenten Genemuiden, Swartslús en Hasselt.

Plakken De gemeente Swartewetterlân bestiet út twa stêden, 3 doarpen en trettjin buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Hasselt, en it grutste plak is Genemuiden.

Stêd Doarp Buorskip Genemuiden Kamperzeedijk-Oost Afsched Hasselt Kamperzeedijk-West Baarlo Swartslús Cellemuiden De Velde Genne Genne-Overwaters Holten Kievitsnest Mastenbroek Nieuwe Wetering Roebolligehoek Streukel Swartewetterskleaster

Kategory:Gemeente yn Oerisel Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2001