Sibrandahûs is in buorskip dat yn de gemeente Dantumadiel leit. De kearn fan Sibrandahûs leit oan de Burdaarderstrjitwei, noardlik fan Rinsumageast, noardeastlik fan Burdaard, westlik fan Dokkum en besuden Raard. Yn 2022 hie Sibrandahûs 42 ynwenners. De bebouwing fan Sibrandahûs leit oan de Burdaarder Strjitwei.

Skiednis thumb|left|2023 Sibrandahûs, pleats Starkenborch.jpg Neffens kaarten út de 18e en 19e iuw hat Sibrandahûs nea mear west as wat pleatsen en in pear gebouwen by de tsjerke. Njonken de tsjerke stie eastlik it Sibrenshûs (ek de Sterkenburg of Starkenborch), dat al ier ôfbrutsen waard. Wis is dat foar 1700 it hûs al net mear bestie; op de kaart fan Schotanus waard yn 1785 allinne noch de wier yntekene, mar dy wie by de kaart fan Eekhoff yn 1847 ek al ferdwûn.Stinzen yn Fryslân, oproppen 13 maaie 2023 Under it koar fan de tsjerke leit in grêfkelder fan de famylje Tjaerda fan Starkenborch, wêrfan't it neiteam sûnt de 16e iuw yn it Grinslanner Liens wenne.

Oant yn 1915 wie it doarp allinne oer it bochtige paad fan de Trekwei te berikken. Yn dat jier waard de Burdaarderstrjitwei tusken Dokkum en Burdaard oanlein.

Tsjerke

De kleasterkapel Sibrandahûs datearret út de 13e iuw. Der wurdt wol ornearre dat de kapel ûntstie as úthôf fan it Kleaster Klaarkamp by Rinsumageast, mar dat kleaster stie mar 1.100 meter fierderop en dêrom soe it mear foar de hân lizze dat de bewenners fan it Sibrenshûs de tsjerke stifte ha.[Noordelijk Oostergo Dantumadeel, Herma M. van den Berg, side 183]

Fral de noardlike kant fan de tsjerke hat ryk fersierd muorrewurk. Yn it tsjerkje wurde geregeld konserten jûn.

Oars Súdeastlik fan Sibrandahûs stiet de Klaarkampstermûne. Westlik fan de kearn stiet in Amerikaanske wynmotor.

Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2005 2014 2022 Ynwenners 123 101 110 77 57 57 45 42

Strjitten Burdaarderstrjitwei - Iewâl - Trekwei.

Ofbylden

Keppeling om utens Side fan de kleasterkapel.

Kategory:Doarp of stêd yn Dantumadiel