304px|thumb|Topografyske gemeentekaart fan de gemeente Emmen Emmen (Drintsk: Em'm) is in gemeente yn de provinsje Drinte, mei ynwenners (, boarne:CBS) en mei in oerflak fan 350,00 km² (dêr't fan 10 km² wetter is). De hjoeddeistige gemeente Emmen is yn 1998 ûntstien troch de fúzje fan 'e eardere gemeente Emmen en de gemeente Schoonebeek. Haadplak en grutste plak fan de gemeente is Emmen.

Neffens oerflak is de gemeente Emmen de fjirde fan Nederlân, nei Súdwest-Fryslân, Noardeastpolder en Hollâns Kroan. Neffens ynwenners is de gemeente de grutste fan Drinte en de tredde fan Noard-Nederlân, nei Grins en Ljouwert.

Plakken De plakken yn de gemeente Emmen binne, mei ynwennertal: Plaknamme Ynwenners Sintraal Buro foar de Statistyk Emmen Klazienaveen Emmer-Compascuum Nij-Amsterdam Erica Schoonebeek Nieuw-Weerdinghe Zwartemeer Veenoord Nieuw-Dordrecht Barger-Compascuum Weiteveen Nieuw-Schoonebeek Roswinkel

Oare plakken yn de gemeente binne, dy't ta de himrikken fan boppesteande plakke hearre: Amsterdamscheveld, Barger-Erfscheidenveen, Barger-Oosterveen, Barger-Oosterveld, Emmer-Erfscheidenveen, Ermerveen, Foxel, Klazienaveen-Noard, Koelveen, Middendorp, Munsterscheveld, Noordbarge, Oosterse Bos, Oranjedorp, Weerdinge, Westenesch, Westersebos, Wilhelmsoord, Zandpol en Zuidbarge.

Bistetún Wildlands Adventure Zoo Emmen, oant 2015 Noorder Dierenpark Emmen neamd, is in bistetún yn Emmen. De bistetún groeide yn rin fan jierren út ta ien fan de meast wichtige attraksjes yn it Noarden fan Nederlân.

Gemeenterie De gemeenterie fan Emmen bestiet út 39 sitten. Hjirûnder stiet de gearstalling fan de gemeenterie sûnt 1998: SittenPartij1998200220062010201420182022Wakker Emmen---5151115PfdA11111811677CDA91089554VVD4544233SP4222-22PVV-----32KristenUny2221222D6632-2321GrienLinks1111111FVD------150 Plus------1LEF! ---122-Vitaal Emmen-----1-Drintske Alderein Partij21123--Burgerbelangen Gemeente Emmen-231---Leefbaar Emmen-2-----ONE31-----Totaal39393939393939

Boargemaster is sûnt 2017 Eric van Oosterhout fan de PfdA.

Keppeling om utens Webstee fan de gemeente

Kategory:Emmen Kategory:Gemeente yn Drinte Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1998