Tynaarlo is in gemeente yn de provinsje Drinte, mei ynwenners (, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 145,00 km² (wêrfan 1,50 km² wetter).
Untstean De gemeente is by de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1998 ûntstean út de gearfoeging fan de eardere gemeenten Eelde, Vries en Súdlaren. De nije gemeente hjitte earst ek "Súdlaren", dit rôp protesten op yn de beide oare plakken. Dêrom waard keazen foar de namme fan it lytse doarp Tynaarlo dat sawat midden tusken de trije gruttere yn leit. Op 7 maaie 2004 waard it nije gemeentehûs yn Vries yn gebrûk naam. Oant dy tiid wiene de amtners wurksum op ferskate lokaasjes yn Paterswolde,It gemeentehûs fan Eelde stie yn Paterswolde. Vries en Súdlaren.
Iepenbier Ferfier De steatsline C rint troch de gemeente, lykwols sûnder stasjon. Yn it ferline hat by it plak Tynaarlo in stasjon lein mei de namme Vries-Súdlaren. It busferfier wurdt fersoarge troch Qbuzz.
plakken De gemeente Tynaarlo bestiet út 19 doarpen en fjouwer buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Vries, en it grutste doarp is Súdlaren. Doarp Buorskip Bunne Bruilweering Bunnerveen Oosterbroek De Groeve Schelfhorst De Punt Zuideinde Donderen Eelde Eelderwolde Midlaren Oudemolen Paterswolde Súdlaarderfean Súdlaren Taarlo Tynaarlo Vries(gemeentehûs) Winde Yde Zeegse Zeijen
Kategory:Gemeente yn Drinte Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1998