Skarsterlân (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Scharsterland) is in eardere gemeente yn it suden fan Fryslân, dy't op 1 novimber 2013 27.467 ynwenners hie.Boarne: CBS De gemeente besloech in oerflak fan 216,8 km², wêrfan 31,5 km² wetter.

Skiednis De gemeente Skarsterlân waard yn it ramt fan 'e gemeentlike weryndieling fan 1984 foarme út 'e âlde gemeenten Haskerlân en Doanjewerstâl, mei dêropta it doarp Nijbrêge fan 'e gemeente It Hearrenfean en de doarpen Eagmaryp en Terkaple fan 'e eardere gemeente Utingeradiel.

Op 1 jannewaris 2014 is de gemeente fúzjearre mei Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat, sadat de nije gemeente De Fryske Marren ûntstie. De beide doarpen Nijbrêge en Haskerdiken binne nei de gemeente It Hearrenfean oergien. Namme Yn de simmer fan 1979 waard de namme Skarsterlân foasr it earst neamd yn in rapport fan Deputearre Steaten oer de kommende gemeentlike weryndieling yn Fryslân.Leeuwarder Courant 28 augtus 1979: Friesland in toekomst nog dertig gemeenten. De namme ferwiist nei de skarren: i stik lân dêr't boeren mienskiplik fee rinne lieten. De skarren leine om Skarsterbrêge yn de gemeente Doanjewerstâl, krekt besuden de grins mei Haskerlân.

Yn 1980 dûkte de namme Skarsterlân op troch Hans Wiegel, de destiidske minister fan Binnenlânske Saken om de gemeentenammen net Frysk meitsje te litten, mar Nederlânsk of offisjeel twatalich.Ljouwerter Krante 16 oktober 1980: Commissie adviseert Nederlandstalige gemeentenamenLeeuwarder Courant 26 mei 1981: Minister Wiegel: 'Ik kan alleen namen in het Nederlands bepalen' Nei in soad diskusjes waard ta weryndieling besletten om de nije gemeente wetlik de namme Scharsterland te jaan yn de Wet ta Gemeentlike Weryndieling fan Fryslân. Tagelyk waard ek bepaald dat de gemeente sels kieze mocht om de namme oer te nimmen of te wizigjen.Ljouwerter Krante 25 febrewaris 1983: Gemeenten mogen zelf hun naam vastleggen

Yn maart 1984 besleat de krekt beneamde gemeenteried fan de nije gemeente Skarsterlân om de oarspronklike Fryske namme oan te nimmen as de offisjele namme. Yngeande maart 1985, in jier nei it riedsbeslút, waard de offisjele namme feroare yn Skarsterlân. Sitten gemeenteried De gemeenteried fan Skarsterlân bestie út 21 sitten. Hjirûnder de gearstallings sûnt 1998: GemeenteraadszetelsPartij1998200220062010FNP4457CDA7766PvdA5574VVD3323ChristenUnie1111D6611--Totaal21212121

Plakken It haadplak fan de gemeente is de flekke De Jouwer. De oare plakken yn de gemeente binne: Aldehaske (1.987) Alde Ouwer (85) Boarnsweach (122) De Broek (215) Diken (54) Dunegea (91) Eagmaryp (107) Goaiïngaryp (202) Haskerdiken (426) Haskerhoarne (590) Jiskenhuzen (455) De Jouwer (13.045) Langwar (940) Legemar (37) Nijbrêge (148) Nijehaske (46) Ousterhaule (330) Ousternijegea (87) Reahel (225) Rotstergaast (215) Rotsterhaule (644) Rottum (673) Sint Jansgea (1.081) Sint Nyk (3.324) Skarsterbrêge (828) Sniksweach (71) Terkaple (236) Teroele (27) Tsjerkgaast (409) Vegelinsoard (370) (tusken skrapkes it ynwennertal op 1 jannewaris 2008) Buorskippen Neist de offisjele kearnen leine yn de gemeente de buorskippen: Ballingbuer Boarnsweach De Pôle Finkebuorren De Heide Unlân De Rylst Spannenburch Sythuzen Fjouwerhûs (diels)

Taal Frysk is foar 65% fan de Skarsterlanners de memmetaal. Njonken it Frysk wurdt ek Nederlânsk (foar 26% fan de ynwenners de memmetaal), Stêdsk (3%) en Stellingwerfsk (1%) yn de gemeente strutsen. In útlânske taal is foar 1% fan de minsken de memmetaal.* (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 272. ISBN 9789001779047

Untwikkeling ynwennertal 2006 - 27.096 2005 - 27.106 2003 - 27.289 1996 - 26.051

Sjoch ek Fryske doarpen Fryske gemeenten List fan boargemasters fan Skarsterlân

Kategory:Eardere gemeente yn Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1984 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2014 Kategory:De Fryske Marren