Tubbergen (Nedersaksysk: Tubbe, Tubbege, Tubbig en Tubbarng'n is in doarp yn it noarden fan Twinte yn 'e Nederlânske provinsje Oerisel. It is ek it haadplak fan 'e gemeente mei deselde namme. Tubbergen hat ) ynwenners.

Namme In faak foarkommende ferklearring foar de namme Tubbergen is dat dy 'tusken de bergen' betsjut. It is lykwols net dúdlik oft dy ferklearring wol doocht. De namme waard yn it ferline ek skreaun as Tubberg, Tuberghe en Ubbergen.

Kultuer thumb|left|Mgr. Herman Schaepman. De roomsk-katolike Sint-Pankratsiusbasilyk bestiet út in swiere goatyske toer en in neogoatysk skip neffens ûntwerp fan Alfred Tepe. De tsjerke hat brânskildere glês-yn-leadruten, makke troch fiif generaasjes fan 'e glêskersfamylje Nicolas. Op 5 jannewaris 2000 waard de tsjerke troch paus Jehannes Paulus II ferheft ta basilyk. Oan 'e râne fan Tubbergen, boppe op 'e Tubbergske Ies, stiet sûnt 1927 it stânbyld fan mgr. dr. Schaepman. It is in wurk fan 'e byldhouwer August Falise.

Evenminten Alle jierren wurdt it keunstbarren "Glasrijk Tubbergen" holden. De Tubbergske Folks- en Skuttersfeesten wurde alle jierren yn it twadde wykein fan septimber organisearre. Dêrby wurdt de skutter dy't de houten fûgel fan in mêst sjit ta Skutterskening fan Tubbergen kroand. Rock am Esch is in muzykfestival dat yn it lêste wykein fan augustus holden wurdt. Op dat festival trede bands út de regio en fan dêrbûten op; it festival lûkt inkelde tûzenen besikers.

Ofbylden

Kategory:Plak yn Tubbergen Kategory:Gemeente yn Oerisel