Losser (Nedersaksysk: Loster, Lösser of Losker) is in doarp en gemeente yn de provinsje Oerisel, mei ynwenners (, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 99,62 km² (wêrfan 0,62 km² wetter). De gemeente Losser ûntstie yn 1811.

Plakken De gemeente Losser bestiet út 5 doarpen en fjouwer buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Losser. Doarp Buorskip Beuningen Glane-Beekhoek Glane Mekkelhorst Losser De Poppe De Lutte De Zoeke Overdinkel

Lizzing De gemeente Losser leit yn it easten fan Twinte oan de Dútske grins. Yn it noarden grinzet de gemeente oan Dinkellân en yn it westen en súdwesten oan de stêden Oldenzaal en Ynskedee. De Dútske gemeente Gronau (Noardryn-Westfalen) leit yn it suden en Bad Bentheim yn it easten.

Ferkear en ferfier It busferfier wurd fersoarge troch Arriva ûnder de oerkoepeljende namme RRReis. De Rykswei 1 fan Knooppunt Wettergraafsmar einiget yn de gemeente oan de grins mei Dútslân. de Provinsjale diken N342, N731, N732, N734 en N735 trochkrúse de gemeente

Kategory:Gemeente yn Oerisel Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1811