Hellendoorn (Nedersaksysk: Heldern) is in gemeente yn de provinsje Oerisel, mei ynwenners (, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 138,62 km² (wêrfan 1,00 km² wetter). De gemeente Hellendoorn waard yn 1811 oprjochte.

Plakken De gemeente Hellendoorn bestiet út 5 doarpen en alve buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Nijverdal, dat ek it grutste plak is. Doarp Buorskip Daarle Eelen Daarlerveen Egede Haarle Hankate Hellendoorn Hexel Nijverdal Hulsen Marle Noetsele Overwater Piksen Rhaan Schuilenburg

Lizzing Hellendoorn leit yn de provinsje Oerisel yn in gebiet dat diel útmakket fan de Sallânske Heuvelrêch. De gemeente Hellendoorn grinzet yn it noarden oan de gemeenten Ommen en Twinterâne, yn it easten oan Wierden, yn it suden oan Rijssen-Holten en yn it westen oan Raalte.

Ferkear en ferfier Troch de gemeente rinne twa spoarlinen it spoar fan Mariënberg nei Almelo en it spoar fan Swol nei Almelo, mei twa stasjons yn de gemeente Nijverdal en Daarlerveen. It busferfier wurd fersoarge troch EBS ûnder de oerkoepeljende namme RRReis. De N347 fan Ommen nei Haaksbergen krúst by Nijverdal de N35 dy't sûnt 2015 fia in tunnel ûnder Nijverdal trochgiet. Foarhinne makke de Grotestraat yn Nijverdal ûnderdiel út fan de N35.

Kultuer en rekreaasje Yn Nijverdal is it Bûtensintrum Sallânske Heuvelrêch te finen mei ynformaasje oer de natuer, geology en (kultuer)histoarje fan it gebiet en Memory museum ta neitins oan it bombardemint dat ta fersin yn 1945 it sintrum fan Nijverdal trof. Yn Hellendoorn is it atraksjepark, Avontoerepark Hellendoorn. It jierlikse muzykfestival Dauwpop wurd op it terrein njonken it atraksjepark hâlden.

Kategory:Gemeente yn Oerisel Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1811