Hengelo (Nedersaksysk: Hengel) is in stêd en gemeente yn de provinsje Oerisel, mei ynwenners (, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 61,75 km² (wêrfan 0,69 km² wetter). De gemeente Hengelo waard oprjochte yn 1811.

De stêd Hengelo omfettet it grutste part fan de gemeente. Yn it súdlike part fan de gemeente leit it tsjerkedoarp Beckum. Dêrneist falle de buorskippen Woolde (foar in grut part) en Oele ûnder de gemeente.

Skiednis Hoewol't út archeologysk ûndersyk bliken dien hat dat der op it plak dêr 't de gemeente him no befynt al in pear tûzen jier bewenning west hat, is de gemeente Hengelo pas ûntstien yn 1811.

De gemeente begûn pas te groeien yn de yndustriële revolúsje fan de njoggentjinde iuw. Ynearsten wie der ek yn Hengelo tekstylyndustry, mar wêr 't dy him yn de rin fan de iuw hieltyd mear konsintrearje soe yn Ynskedee, kaam yn it Hengelose ekonomysk libben de klam hieltyd mear te lizzen op de technyske yndustry.

Yn de jierren 90 waarden der plannen ûntwikkele om de gemeenten Ynskedee, Hengelo en Borne gear te foegjen ta ien gemeente Twintestêd. Yn 2000 waard fan dat plan ôfsjoen, benammen omdat in referindum dy't yn de gemeente Hengelo holden hie útwiisd hie dat der sa goed as gjin draachflak ûnder de pleatslike befolking bestie.

Plakken De gemeente Hengelo bestiet út 1 stêd, in doarp en trije buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Hengelo.

Stêd Doarp Buorskip Hengelo Beckum Oele Twekkelo Woolde

Lizzing De gemeente Hengelo ûntstie yn 1811 út de marken Beckum, Oele en Woolde. De grinzen waarden yn 1820 wetlik fêstlein en oanjûn troch grinspeallen of fjildstiennen. Fan dy peallen en stiennen binne der acht bewarre bleaun. De gemeente Hengelo leit rûchwei yn it midden fan Twinte en wurdt omjûn troch de plakken Borne yn it noardwesten, Deurningen yn de gemeente Dinkellân yn it noarden, Ynskedee yn it súdeasten, Haaksbergen yn it suden en Delden yn de gemeente Hôf van Twinte yn it westen. In part fan it bûten Twickel leit binnen de gemeentegrinzen.

Ferkear en ferfier Troch de gemeente rint de steatsline D (Sutfen - Glanerbrug) en ut spoar fan Almelo nei Salzbergen mei twa stasjons yn de gemeente Hengelo en Stasjon Hengelo Gezondheidspark . It busferfier wurd fersoarge troch EBS ûnder de oerkoepeljende namme RRReis. De diken A1 (Knooppunt Watergraafsmeer - De Lutte), de A35 (Swol - Ynskedee) en de 739 (Haaksbergen - Hengelo) trochkruse de gemeente.

Kategory:Gemeente yn Oerisel Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1811