Dalfsen (Nedersaksysk: Dalsen) is in doarp en gemeente yn de provinsje Oerisel, mei ynwenners (, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 178,54 km² (dêrfan 1,54 km² wetter). De gemeente Dalfsen is yn 2001 ûntstien út 'e fúzje fan 'e eardere gemeenten Nieuwleusen en Dalfsen.
Plakken De gemeente Dalfsen bestiet út 6 doarpen en twaentweintich buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Dalfsen, dat ek it grutste doarp is. Doarp Buorskip Ankum Broekhuizen Dalfsen Dalfserveld Hoonhorst Dalmsholte Lemelerveld De Marshoek Nieuwleusen De Meele Oudleusen Emmen Engeland Gerner Hessum Holt Lenthe Mataram Millingen Ooster-Dalfsen Oudleusenerveld Rechteren Rosengaarde Ruitenveen Slennebroek Strenkhaar Vennenberg Welsum
Ferkear en ferfier Troch de gemeente rint it spoar fan Swol nei Stêdskanaal it spoar einiget hjoed de dei yn Emmen mei ien stasjon yn de gemeente Dalfsen Dalfsen. It busferfier wurd fersoarge troch EBS ûnder de oerkoepeljende namme RRReis. De provinsjale diken N340 (Swol - Ommen - Arriërveld), de N348 (Dimter - Wesepe - Raalte - Ommen) en de N377 (Hasselt - Coevorden) trochkruse de gemeente.
Lizzing De gemeente is ûnderdiel fan de lânstreek Sallân. Eastlik fan de gemeente Dalfsen leit de stêd Swol, Dalfsen leit besúden fan de gemeente Staphorst en westlik fan Ommen. Besúden fan Dalfsen leit de gemeente Raalte.
Kategory:Gemeente yn Oerisel Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2001