Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1980-er jierren. Foarfallen jannewaris 1 - Yn Fryslân wurdt in yngeande gemeentlike weryndieling útfierd. Hjirby wurde de gemeenten Baarderadiel, Barradiel, Doanjewerstâl, Dokkum, Drylts, East-Dongeradiel, Frjentsjer, (âld) Frjentsjerteradiel, Gaasterlân, Haskerlân, Hylpen, Himmelumer Aldefurd, Hinnaarderadiel, Idaerderadiel, Raerderhim, Sleat, Starum, Utingeradiel, Warkum, West-Dongeradiel en (âld) Wymbritseradiel opheft. Dêr komme de nije gemeenten Boarnsterhim, Dongeradiel, (nij) Frjentsjerteradiel, Gaasterlân-Sleat, Littenseradiel, Nijefurd, Skarsterlân en (nij) Wymbritseradiel foar yn 't plak. Ek de besteande gemeenten It Bilt, Dantumadiel, Ferwerderadiel, Harns, It Hearrenfean, Lemsterlân, Ljouwert, Ljouwerteradiel, Smellingerlân, Snits, Tytsjerksteradiel en Wûnseradiel ûndergeane grinskorreksjes. Allinnich Achtkarspelen, It Amelân, Boalsert, Eaststellingwerf, Flylân, Kollumerlân, Menameradiel, Opsterlân, Skiermûntseach, Skylge en Weststellingwerf bliuwe folslein ûnoanroerd troch de weryndieling. 1 - Brûnei wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. febrewaris 8-19 - De Olympyske Winterspullen wurde hâlden yn Sarajewo. 14-20 - De Paralympyske Winterspullen wurde hâlden yn Innsbruck april 5 - Sportferslachjouwer Theo Koomen ferûngelokket mei syn auto op de weromreis fan de wedstryd FC Twente-MVV. juny 6 - By Operaasje Blauwe Stjer bestoarmet it Yndiaaske leger de Gouden Timpel fan Amritsar, it hillichste plak fan 'e sikhs, dat beset holden wurdt troch in groep nasjonalistyske Sikhs ûnder lieding fan Jarnail Singh Bhindranwale. 16 oant en mei 30 juny - De Paralympyske Simmerspullen wurde yn 1984 hâlden yn Stoke Mandeville (Grut-Brittanje) en New York, (Feriene Steaten). july 28 oant en mei 12 augustus - De Olympyske Simmerspullen wurde hâlden yn Los Angeles. augustus 1 - Peter Rinia, Wieb van Wieren en Tunno Schurer winne yn Frjentsjer de 131ste PC. Wieb van Wieren wurdt útroppen ta kening. septimber 7 - De Nederlânske ôfdieling fan Dokters sûnder Grinzen wurdt oprjochte. oktober 12 - Bomoanslach op it Grand Brighton Hotel yn it Ingelske Brighton troch it Ierske Republikeinske Leger (IRA). Yn it hotel wurdt in konferinsje fan 'e Konservative Partij holden en dêr ferbliuwt sadwaande ek de Britske premier Margaret Thatcher, dy't it doelwyt fan 'e oanslach is. Der falle 5 deaden, mar Thatcher rekket net ferwûne. 24 - De earste Apple Macintosh-kompjûter kin kocht wurde. 31 - De Yndiaaske premier Indira Gandhi wurdt fermoarde troch twa fan har Sikh-liifwachten, by wize fan wraak foar de bestoarming fan 'e Gouden Timpel fan Amritsar. novimber 1 - Abortus legalisearre yn Nederlân, middels oannimmen fan de Wet ôfbrekking swangerskip en it Beslút ôfbrekking Swangerskip. 25 - Op inisjatyf fan Bob Geldof nimt en grut tal popstjerren yn Londen ûnder de namme Band Aid it nûmer Do They Know It's Christmas? op om jild yn te sammeljen foar de slachtoffers fan de hongersneed yn Etioopje. desimber 3 - By de Giframp fan Bhopal falle yn 'e Yndiaaske stêd Bhopal tûzenen deaden as út in gemysk fabryk fan it Amerikaanske bedriuw Union Carbide in wolk tige giftich metylisosyanaat ûntsnapt.

Berne jannewaris 15 - Keiran Lee, Ingelsk pornoakteur 17 - Sophie Dee, Welsk pornoaktrise 21 - Eduard Rekker, Frysk sjonger 23 - Arjen Robben, Nederlânsk fuotballer febrewaris 15 - Evita Pozzi, Italjaansk pornoaktrise 24 - Johan van der Meulen, Frysk keatser 24 - Michelle Lukes, Ingelsk aktrise 27 - Havana Ginger, Amerikaansk pornoaktrise 27 - Savana Ginger, Amerikaansk pornoaktrise 28 - Cody Bryant (America Moore), Amerikaansk pornoaktrise maart 12 - Jaimie Alexander, Amerikaansk aktrise 26 - Sara Jean Underwood, Amerikaansk neakenmodel 29 - Jenning Huizenga, Fryske hurdfytser april 11 - Maud Dolsma, Nederlânsk aktrise en politika 13 - CJ Miles, Filipynsk neakenmodel 14 - Kristina Rose, Amerikaansk pornoaktrise 22 - Breanne Benson, Amerikaansk pornoaktrise 22 - Sanne Langelaar, Nederlânsk aktrise maaie 30 - Nadia Moussaid, Nederlânsk presintatrise en programmamakster juny 23 - Mya Nichole, Amerikaansk pornoaktrise july 7 - Allison Moore, Amerikaansk pornoaktrise augustus 7 - Yun Hyon-seok, Súdkoreaansk skriuwer en miskerjochte-aktivist († 2003) 14 - Nicolette van Dam, Nederlânsk model, aktrise, sjongster en presintatrise 27 - Amanda Fuller, Amerikaansk aktrise 31 - Ted Ligety, Amerikaansk skyer septimber 6 - Thomas Dekker, Nederlânsk hurdfytser 15 - prins Harry fan Wales 16 - Katie Melua, Georgysk-Britsk sjongster 19 - Candace Von, Amerikaansk pornoaktrise 28 - Tanisha Long, Amerikaansk komediënne oktober 8 - Zbigniew Bródka, Poalsk reedryder 16 - Melissa Lauren, Frânsk pornoaktrise en -regisseur 27 - Kelly Osbourne, Ingelsk telefyzjepersoanlikheid 29 - Savannah Gold, Ingelsk pornoaktrise († 2011) 29 - Marica Hase, Japansk pornoaktrise novimber 9 - Silvia Nooij, Nederlânsk fuotbalster († 2017) 13 - Lucy Thai, Amerikaansk pornoaktrise 15 - Hevrîn Xelef, Syrysk-Koerdysk politika († 2019) 24 - Maria Höfl-Riesch, Dútsk skyster desimber 8 - Nika Noire, Oekraynsk pornoaktrise 13 - Amal El-Mohtar, Kanadeesk skriuwster 14 - Krissy Lynn, Amerikaansk pornoaktrise 22 - Basshunter, Sweedsk sjonger, muzykprodusint en discjockey 30 - LeBron James, Amerikaansk basketballer datum ûnbekend

Ferstoarn jannewaris 10 - Toivo Loukola, Finsk lange-ôfstânsdraver (* 1902) 20 - Johnny Weissmuller, Amerikaansk swimmer en akteur (* 1904) 31 - Jurjen Dreeuws, Nederlânsk plysjeman en fersetsstrider (* 1905) febrewaris 3 - Ronny Bierman, Nederlânsk aktrise (* 1938) 8 - Piet de Boer, Nederlânsk fuotballer (* 1919) 9 - Joeri Andropov, siktaris-generaal fan de Sovjet-Uny (* 1914) maart 15 - Kenneth Carpenter, Amerikaansk diskussmiter (* 1913) 17 - Simon Kamminga, Frysk keunstskilder (* 1895) april 4 - Oleg Antonov, Sovjet Fleantúchbouwer (* 1906) 5 - Theo Koomen, Nederlânsk sportferslachjouwer (* 1929) 7 - Laurens Otmar ten Cate, Frysk sjoernalist, publisist en haadredakteur (* 1922) 10 - Sjoerd Zeldenthuis, Frysk reedrider (* 1909) 15 - Tommy Cooper, Welsk komyk en yllusjonist (* 1921) 19 - Guus Oster, Nederlânsk akteur en produsint (* 1915) 19 - Hylke de Boer, Frysk bestjoerder (* 1918) 21 - Marcel Janco, Roemeensk Israelysk keunstskilder en arsjitekt (* 1895) 28 - Klaas Kuiken, Frysk keatser (* 1902) maaie 5 - Mihály Bozsi, Hongaarsk wetterpoloër (* 1911) 29 - Anne Porte, Frysk byldzjend keunstner (* 1902) 30 - Tex Gibbons, Amerikaansk basketballer (* 1907) juny 6 - Jakob Klok, Frysk politikus en fersetsman (* 1893) 22 - Alan Morgan, Amerikaansk siler (* 1909) 25 - Michel Foucault, Frânsk filosoof (* 1926) 29 - Henri Fabre, Frânsk yngenieur en loftfeartpionier (* 1882) july 1 - Victor Avendaño, Argentynsk bokser (* 1907) 12 - Hannes Flesner, Eastfrysk sjonger en lietsjeskriuwer (* 1928) 16 - Walter Laufer, Amerikaansk swimmer (* 1906) 17 - Dave Baan, Nederlânsk bokser (* 1908) 27 - James Mason, Ingelsk akteur (* 1909) 30 - Antony Fennema, Frysk roeier (* 1902) augustus 5 - Richard Burton, Welsk akteur (* 1925) 17 - Jan Retèl, Nederlânsk akteur en regisseur (* 1918) 25 - Truman Capote, Amerikaansk skriuwer (* 1924) 28 - Wilhelmine Siefkes, Eastfrysk skriuwster (* 1890) 28 - Mohammed Naguib, Premier fan Egypte (* 1901) septimber 3 - Hendrik van Eikema Hommes, Frysk heechlearaar filosofy en rjochtsgeleardheid (* 1930) oktober 31 - Indira Gandhi, premier fan Yndia (* 1917) novimber 14 - Adhemar Canavesi, Oerûguayaansk fuotballer (* 1903) desimber 22 - Jalke Klijnsma, Frysk politikus (* 1912) datum ûnbekend Meint Wiegersma, Frysk ûnderwizer, geakundige en natoerbeskermer (* 1888) Minnie Devereaux, Kanadeesk stomme-filmaktrise (* 1891)

Literatuer C.J. Cherryh, Voyager in Night

Films Caravan of Courage: An Ewok Adventure A Christmas Carol Conan the Destroyer Ghostbusters Gremlins The Karate Kid Police Academy Romancing the Stone Star Trek III: The Search for Spock The Terminator

Kategory:20e iuw