Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1980-er jierren. Foarfallen jannewaris 1 - Flevolân (170.000 ynwenners) wurdt Nederlâns tolfde provinsje. 1 - Spanje en Portegal wurde lid fan 'e Jeropeeske Mienskip. 1 - Arûba kriget in status aparte binnen it Keninkryk fan 'e Nederlannen, en makket him dêrmei bestjoerlik los fan 'e Nederlânske Antillen. 7 - De Nederlandsche Bank yntrodusearret in biljet fan 250 gûne, bynamme 'de fjoertoer'. 19 - It Brain-firus dûkt op, it earste kompjûterfirus yn de skiednis. It ferspriedt him troch diskettes. 28 - It Amerikaanske romtefear de Challenger ûntploft koart nei't it opstige is. Alle sân astronauten oan board komme om. febrewaris 6 - By in revolúsje yn Haïty wurdt diktator Jean-Claude Duvalier ôfset. 22 - By de saneamde Folksmachtrevolúsje wurdt op 'e Filipinen diktator Ferdinand Marcos ôfset en opposysjeliedster Corazon Aquino oan 'e macht brocht. 26 - De Fjirtjinde Alvestêdetocht wurdt wûn troch Evert van Benthem út Sint-Janskleaster, yn in tiid fan 6.55 oere. 28 - De Sweedske premier Olof Palme wurdt yn Stokholm op 'e strjitte deasketten. april 15 - De Feriene Steaten fiere bombardeminten út op 'e Libyske haadstêd Tripoly, nei oprinnende spannings mei de Libyske lieder Mûammar Kadaffy. 26 - Kearnramp fan Tsjernobyl: der docht him in ûntploffing foar yn 'e kearnsintrale fan Tsjernobyl, yn 'e Oekraïne (part fan 'e Sovjet-Uny). Dêrtroch rekket in grut diel fan Jeropa tydlik radioaktyf besmet, en in gebiet om 'e sintrale hinne foar tûzenen jierren. july 30 - Peter Rinia, Wieb van Wieren en Tunno Schurer winne yn Frjentsjer de 133ste PC. Tunno Schurer wurdt útroppen ta kening. oktober 4 - Keninginne Beatrix stelt yn de mûning fan de Easterskelde de pylderdaam yn gebrûk. 21 - De Marshalleilannen wurde ûnôfhinklik fan 'e Feriene Steaten. novimber 3 - Mikroneezje wurdt ûnôfhinklik fan 'e Feriene Steaten.
Berne jannewaris 2 - Asa Akira, Amerikaansk pornoaktrise 6 - Anna Gimbrère, Nederlânsk sjoernaliste en presintatrise 10 - Maartje Roos, Frysk fotografe en byldzjend keunstneresse 30 - Janneke Brakels, Frysk sjongster en komponiste febrewaris 7 - James Deen, Amerikaansk pornoakteur maart 7 - Mariah Madysinn, Amerikaansk pornoaktrise 14 - Brooklyn Chase, Amerikaansk pornoaktrise 26 - Misty Stone, Amerikaansk pornoaktrise april 5 - Jenny Hendrix, Amerikaansk pornoaktrise 9 - Jordan Masterson, Amerikaansk akteur 12 - Asia, Amerikaansk pornoakrise 16 - Epke Zonderland, Frysk turner 17 - Romain Grosjean, Frânsk autokoereur 23 - Sven Kramer, Frysk hurdrider 26 - Saya Song, Súdkoreaansk-Amerikaansk pornoaktrise († 2023) 27 - Jenna Coleman, Ingelsk aktrise maaie 19 - Bethany Benz, Oekraynsk-Amerikaansk pornoaktrise 20 - Tiffany Doll, Frânsk pornoaktrise 22 - Molly Ephraim, Amerikaansk aktrise 26 - Nao Kodaira, Japansk reedrydster juny 3 - Rafael Nadal, Spaansk tenniser 8 - Charisma Cappelli, Amerikaansk pornoaktrise 19 - Sjoerd Huisman, Nederlânsk maratonrider († 2013) 27 - Annouk van der Weijden, Nederlânsk reedrydster july 1 - Kraantje Pappie, Nederlânsk sjonger 30 - René Hooghiemster, Frysk hurdfytser 31 - Kortney Kane, Amerikaansk pornoaktrise augustus 8 - Peyton List, Amerikaansk aktrise 16 - Audrey Bitoni, Amerikaansk pornoaktrise 18 - Wouter Olde Heuvel, Nederlânsk reedrider 27 - Sarah Chronis, Nederlânsk aktrise septimber 5 - Ignatiy Vishnevetsky, Russysk-Amerikaansk filmkritikus en essayist 13 - Kamui Kobayashi, Japansk autokoereur 19 - Angelina Valentine, Amerikaansk pornoaktrise oktober 7 - Bree Olson, Amerikaansk pornoaktrise 23 - Emilia Clarke, Ingelsk aktrise novimber 4 - Florian Skilang Temengil, Palauaansk wrakselder 7 - Yurizan Beltran, Amerikaansk pornoaktrise († 2017) 10 - Britney Amber, Amerikaansk pornoaktrise 18 - Nicolette Shea, Amerikaansk neakenmodel en pornoaktrise desimber 7 - Nita Strauss, Amerikaansk gitariste 19 - Ryan Babel, Nederlânsk fuotballer
Ferstoarn jannewaris 5 - Ilmari Salminen, Finsk atleet (* 1902) febrewaris 7 - Leslie Southwood, Ingelsk roeier (* 1906) 7 - Herman Buyen, Nederlânsk reedrider en reedrydtrainer (* 1917) 13 - Luigi de Manincor, Italjaansk siler (* 1910) 17 - Jiddu Krishnamurti, Yndiaask goeroe en filosoof (* 1895) 23 - Jeen Nauta, Frysk maratonrider (* 1926) 28 - Olof Palme, premier fan Sweden (* 1927) maart 6 - Georgia O'Keeffe, Amerikaansk keunstskilder (* 1887) 6 - István Pelle, Hongaarsk turner (* 1907) 9 - Sybe Sybesma, Frysk dichter (* 1924) april 7 - Michael Warriner, Ingelsk roeier (* 1908) 13 - Jack van Bebber, Amerikaansk wrakselder (* 1907) 14 - Simone de Beauvoir, Frânsk skriuwster en filosofe (* 1908) 17 - Marcel Dassault, Frânsk yndustrieel (* 1892) 17 - Paul Costello, Amerikaansk roeier (* 1894) 23 - Alberto Zorilla, Argentynsk swemmer (* 1906) 27 - Pieter Jacob Six, Nederlânsk fersetsstrider (* 1894) maaie 7 - Alfredo Pezzana, Italjaansk skermer (* 1893) 9 - Tenzing Norgay, Nepaleesk sjerpa (* 1914) 17 - Yaşar Erkan, Turksk wrakselder (* 1911) juny 5 - Dolly Akers, Amerikaansk politika en aktiviste (* 1901) 14 - Jorge Luis Borges, Argentynsk skriuwer (* 1899) 23 - Hielke Sijbesma, Frysk amtner en bestjoerder (* 1897) july 19 - Alfredo Binda, Italjaansk hurdfytser (* 1902) 22 - Ede Staal, Grinslânsk sjonger (* 1941) 24 - Yoshiyuki Tsuruta, Japansk swimmer (* 1903) augustus 4 - Willem Ruis, Nederlânsk presintator (* 1945) septimber 21 - John Kuck, Amerikaansk kûgelstjitter (* 1905) 26 - Noboru Terada, Japansk swimmer (* 1917) 27 - Cliff Burton, Amerikaansk bassist (* 1962) oktober 26 - Jackson Scholz, Amerikaansk sprinter (* 1897) 28 - Marga Klompé, Nederlânsk politika (* 1912) novimber 9 - Henry Russell, Amerikaansk atleet (* 1904) 20 - Doede Nieuwenhuis, Frysk ûnderwiisman (* 1907) 22 - Daan van Dijk, Nederlânsk baanhurdfytser (* 1907) 22 - Edwin Salisbury, Amerikaansk roeier (* 1910) 24 - Dick Scheffer, Nederlânsk akteur (* 1929) 30 - Jan Deodatus, Nederlânsk byldzjend keunstner (* 1914) desimber 8 - Anatoli Martsjenko, Sovjet dissidint (* 1938) 16 - Oleg Gontsjarenko, Oekraynsk reedrider (* 1931) 26 - Elsa Lanchester, Britsk-Amerikaansk aktrise (* 1902) 29 - Uldrik Bottema, Frysk taalaktivist (* 1907)
Literatuer romans Lois McMaster Bujold, Ethan of Athos Lois McMaster Bujold, Shards of Honor Lois McMaster Bujold, The Warrior's Apprentice
koarte ferhalen Lois McMaster Bujold, The Hole Truth
ferhalebondels C.J. Cherryh, Visible Light
Films Flodder Highlander The Karate Kid Part II Platoon Police Academy 3: Back in Training Star Trek IV: The Voyage Home Top Gun
Kategory:20e iuw