Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1990-er jierren. Foarfallen 7 febrewaris - Rintje Ritsma fan de Lemmer wurdt yn Hamar foar de tredde kear wrâldkampioen reedriden Oer-alles. 12 maart - Hongarije, Poalen en Tsjechje wurde lid fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje. 14 april - Berlyn wurdt op 'e nij haadstêd fan Dútslân. 24 maart - De NATO begjint bombardeminten op Servyske doelen yn Kosovo om 'e ferfolging fan etnyske Albanezen dêre tsjin te hâlden. 20 april - 12 learlingen en in dosint komme om by it Bloedbad op de Columbine High School yn Columbine (Kolorado). 1 maaie - Marianne Vaatstra wurdt yn 'e âldens fan 16 jier ferkrêfte en fermoarde by Feankleaster; de dieder, Jasper S, wurdt pas yn 2012 fûn. 16 maaie - De film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace, it langferwachte earste diel fan 'e twadde Star Wars-trilogy, giet yn Los Angeles yn premiêre. 19 july - De seismiljardste minske op 'e ierde wurde berne: symboalysk wurdt in poppe út Sarajevo, yn Bosnje, oanwiisd as dizze persoan. 17 augustus - By de swiere ierdbeving fan İzmit, yn noardwestlik Turkije, komme 17.217 minsken om. 26 augustus - Ruslân falt Tsjetsjeenje binnen en begjint dêrmei de Twadde Tsjetsjeenske Oarloch. 30 augustus - By in referindum sprekt de befolking fan East-Timor him mei oerweldigjende mearderheid út foar ûnôfhinklikheid fan Yndoneezje. 20 desimber - Oerdracht fan Makau troch Portegal oan 'e Folksrepublyk Sina. 31 desimber - Troch it ôftreden fan presidint Boris Jeltsin komt yn Ruslân Vladimir Pûtin oan 'e macht.
Berne jannewaris 28 - Marijke Groenewoud, Frysk reedrydster febrewaris 5 - Nyls Korstanje, Nederlânsk swimmer maart 9 - Bregje de Brouwer, Nederlânsk syngroanswimster 9 - Noortje de Brouwer, Nederlânsk syngroanswimster 14 - Vina Sky, Amerikaansk pornoaktrise maaie 4 - André Drege, Noarsk hurdfytser († 2024) juny 8 - Harmony Wonder, Amerikaansk pornoaktrise july 6 Michelle de Jong, Frysk reedrydster novimber 13 - Lando Norris, Ingelsk koereur 26 - Sven Roes, Frysk shorttracker desimber 2 - Kelvin Kiptum, Keniaansk atleet († 2024) 17 - Sjanet Wijnia, Frysk keatster datum ûnbekend Alexander Burger, Frysk sjoernalist
Ferstoarn jannewaris 9 - Mien Ruys, Nederlânsk túnarsjitekte (* 1904) 28 - Roger-Jean Le Nizerhy, Frânsk baanhurdfytser (* 1916) 28 - Henk van der Heide, Frysk sjonger en kabaretier (* 1921) febrewaris 3 - Henk Aukes, Nederlânsk bestjoerder en publisist (* 1905) 17 - Dirk Reitsma, Nederlânsk politikus (* 1923) 19 - Klaas Hospes, Frysk kabaretier (* 1922) 20 - Gene Siskel, Amerikaansk filmkritikus (* 1946) 22 - Philip Bloemendal, Nederlânsk nijslêzer (* 1918) 26 - Annibale Frossi, Italjaansk fuotbaltrainer en fuotballer (* 1911) 28 - D. Ivan Dykstra, Amerikaansk predikant, teolooch en filosoof (* 1915) maart 1 - Enneüs Heerma, Frysk politikus (* 1944) 4 - Karel van het Reve, Nederlânsk letterkundige en skriuwer (* 1921) 14 - Dreeuwes Smedinga, Frysk keatser (* 1923) 19 - Wiebe Jannes Formsma, Nederlânsk histoarikus en publisist (* 1903) 25 - Daniel Dykstra, Amerikaansk politikus (* 1920) april 13 - Masaji Kiyokawa, Japansk swimmer (* 1913) 17 - Georges Miez, Switsersk turner (* 1904) 30 - Darrell Sweet Skotsk drummer (* 1947) maaie 1 - Marianne Vaatstra, Frysk moardslachtoffer (* 1982) 18 - Betty Robinson, Amerikaansk atlete (* 1911) 19 - Candy Candido, Amerikaansk bassist en stimakteur (* 1913) juny 1 - Christopher Cockerell, Britsk yngenieur (* 1910) 1 - Jaap van der Meij, Nederlânsk byldzjend keunstner (* 1923) 5 - Mel Torme, Amerikaansk muzikant (* 1925) 8 - Piet Blom, Nederlânsk arsjitekt (* 1934) 11 - DeForest Kelley, Amerikaansk akteur (* 1920) 16 - Marshall Wayne, Amerikaansk keunstdûker (* 1912) july 8 - Frank Lubin, Litousk-Amerikaansk basketballer (* 1910) 25 - Helena Wanda Błażusiakówna, Twadde Wrâldkriich oerlibbende (* 1926) augustus 5 - Rimma Zjoekova, Russysk reedrydster (* 1925) 16 - Ton Alberts, Nederlânsk arsjitekt (* 1927) 24 - Marko Fondse, Nederlânsk dichter en oersetter (* 1932) septimber 3 - George Hunt, Amerikaansk roeier (* 1916) 24 - Marijcke Visser, Nederlânsk byldzjend keunstner (* 1915) oktober 4 - Hendrik van der Wielen, Nederlânsk boargemaster (* 1903) 4 - Ybe van der Wielen, Nederlânsk byldzjend keunstner (* 1913) 9 - Frits Wissel, Frysk ûntdekkingsreizger (* 1907) 19 - Wybren Jan Buma, Frysk heechlearaar Fryske taal- en letterkunde (* 1910) 19 - Harry Bannink, Nederlânsk komponist (* 1929) 29 - Greg, Waalsk striptekener (* 1931) novimber 8 - Leon Štukelj, Sloveensk turner (* 1898) desimber 10 - Lex Goudsmit, Nederlânsk akteur (* 1913)
datum ûnbekend Ebbing Kiestra, Frysk arsjitekt (* 1913)
Literatuer romans Lois McMaster Bujold, A Civil Campaign Juliet Marillier, Daughter of the Forest J.K. Rowling, Harry Potter and the Prisoner of Azkaban C.J. Cherryh, Precursor Peter S. Beagle, Tamsin Julie E. Czerneda, Ties of Power
Films American Pie End of Days Entrapment Galaxy Quest The General's Daughter The Mating Habits of the Earthbound Human The Matrix Star Wars: Episode I – The Phantom Menace 10 Things I Hate About You The World Is Not Enough
Tillefyzje Baywatch: Hawaii
Muzyk albums Chely Wright, Single White Female singles Vengaboys, Boom, Boom, Boom, Boom!! Chely Wright, Single White Female Vengaboys, We're Going to Ibiza
Kategory:20e iuw