Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1990-er jierren. Foarfallen 1 jannewaris - by beslút fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân wurdt de provinsjenamme offisjeel feroare yn 'Fryslân'. 2 jannewaris - Henk Kroes kundiget, mei de wurden "It giet oan!", oan dat de Alvestêdetocht dit jier seker ferriden wurde sil. 4 jannewaris - Henk Angenent wint de Fyftjinde Alvestêdetocht yn in tiid fan 6.49 oere. 16 febrewaris - Ids Postma fan Dearsum wurdt yn Nagano wrâldkampioen reedriden Oer-alles. 26 febrewaris - Bekendmakking fan it earste súksesfolle kloanen fan in sûchdier: it skiep Dolly. 17 maaie - Nei it ferdriuwen fan diktator Mobutu Sese Seko komt de macht yn Saïre yn 'e hannen fan rebellelieder Laurent Kabila. Dy jout it lân syn oarspronklike namme werom. It wurdt wer de Demokratyske Republyk Kongo. 26 juny - De Ingelske skriuwster J.K. Rowling publisearret de roman Harry Potter and the Philosopher's Stone, it earste diel fan har Harry Potter-rige. 1 july - Oerdracht fan Hongkong troch it Feriene Keninkryk oan Sina. 31 augustus - Diana, prinsesse fan Wales, en har freon Dodi al-Fayed komme om by in auto-ûngemak yn Parys. septimber - De Kast wurdt nûmer twa op 'e Nederlânske hitlisten mei it Frysktalige nûmer In Nije Dei. 11 septimber - By in referindum yn Skotlân stimt de mearderheid fan 'e befolking foar de ynfiering fan selsbestjoer. 13 septimber - Meindert Tjoelker rekket yn de Ljouwerter binnenstêd dea troch sinleas geweld. 24 desimber - It lichem fan Louw de Jong wurdt fûn yn de tún fan in pinsjon yn Eanjum. De pinsjonhâldster Marianne van der E wurdt arrestearre. 25 desimber - Ek it lyk fan Hermanus Sonnemans wurdt yn de tún fûn. (Op 2 july 1998 wurdt Marianne van der E foar de moarden feroardiele.)

Berne jannewaris 4 - Gino Mäder, Switsersk hurdfytser († 2023) 19 - Marcel Bosker, Nederlânsk reedrider 24 - Luna Rival, Frânsk pornoaktrise febrewaris 10 - Maan, Nederlânsk sjongeres 10 - Chloë Grace Moretz, Amerikaansk aktrise 25 - Isabelle Fuhrman, Amerikaansk aktrise april 23 - Sarah Banks, Amerikaansk pornoaktrise maaie 3 - Clément Noël, Frânsk skyer 21 - Sisca Folkertsma, Frysk fuotbalster 21 - Anneke Dijkstra, Frysk hurdfytster juny 3 - Louis Hofmann, Dútsk akteur july 12 - Malala Yousafzai, Pakistaansk minskerjochte-aktiviste en Nobelpriiswinneresse 31 - Nicole Bexley, Amerikaansk pornoaktrise augustus 4 - Zaya Cassidy, Amerikaansk pornoaktrise 30 - Lidewij de Vos, Nederlânsk politika septimber 14 - Maya Bijou, Amerikaansk pornoaktrise 25 - Suzanne Schulting, Frysk shorttracker 30 - Max Verstappen, Nederlânsk koereur oktober 2 - Olivier van de Voort, Nederlânsk swimmer 6 - Tristan Bangma, Frysk baanhurdfytser en Paralympysk dielnimmer 8 - Marco Odermatt, Switsersk skyer 9 - Megan Moroney, Amerikaansk sjongster 16 - Charles Leclerc, Monegaskysk koereur novimber 10 - Joost Klein, Frysk muzikant desimber 15 - Gao Tingyu, Sineesk reedrider 24 - May Thai, Italjaansk pornoaktrise

Bisten 11 juny - Kian, ferneamde fokbolle († 2013)

Ferstoarn jannewaris 4 - Tormod Skagestad, Noarsk skriuwer en dichter (* 1920) 14 - Mari van Buijtenen, Nederlânsk argivaris (* 1911) 17 - Clyde Tombaugh, Amerikaansk astronoom (* 1906) 23 - Alois Hudec, Tsjechysk turner (* 1908) 28 - Johan Bleeker, Frysk fersetsstrider (* 1906) febrewaris 6 - Anne Wadman, Frysk skriuwer, dichter, literatuerkritikus en letterkundige (* 1919) maart 4 - Klaas Dijkstra (Klaes Dykstra), Frysk taalkundige en oersetter (* 1924) 9 - The Notorious B.I.G., Amerikaansk muzikant (* 1972) 10 - Raymond Bass, Amerikaansk turner (* 1910) 16 - John White, Amerikaansk roeier (* 1916) april 13 - Voldemar Väli, Estysk wrakselder (* 1903) 18 - Elisabeth Menalda, Nederlânsk keunstner (* 1895) 18 - Francis Johnson, Amerikaansk basketballer (* 1910) 22 - Marga van Arnhem, Nederlânsk radio- en telefyzje-presintatrise (* 1940) maaie 3 - Gerrit den Braber, Nederlânsk lietsjeskriuwer (* 1929) 27 - Geart Brueckner Droege, Amerikaansk heechlearaar Dútsk, Nederlânsk en Frysk (* 1925) juny 23 - Hermanus Sonnemans, Frysk moardslachtoffer (* 1959) july 1 - Robert Mitchum, Amerikaansk akteur (* 1917) 2 - James Stewart, Amerikaansk akteur (* 1908) 2 - Suze Boschma-Berkhout, Nederlânsk byldzjend keunstner (* 1922) 14 - Ellen de Thouars, Nederlânsk aktrise (* 1915) 17 - Hugo Gunckel Lüer, Sileensk botanikus (* 1901) 23 - Chuhei Nambu, Japansk atleet (* 1904) 24 - Edward Gardère, Frânsk skermer (* 1909) augustus 4 - Jeanne-Louise Calment, Aldste persoarn (* 1875) 14 - Geertje Roelinga-De Groot, Aldste persoan fan Nederlân (* 1887) 15 - Ida Gerhardt, Nederlânsk dichter (* 1905) 31 - Dodi al-Fayed, Egyptysk ûndernimmer (* 1955) 31 - Diana, prinsesse fan Wales (* 1961) septimber 4 - W.L. Brugsma, Nederlânsk sjoernalist (* 1922) 5 - Mem Teresa, Albaneesk non, ûntwikkelingswurkster en Nobelpriiswinneresse (* 1910) 8 - Dick Osinga, Frysk keunstskilder (* 1913) 9 - Rowland George, Ingelsk roeier (* 1905) 13 - Meindert Tjoelker, Frysk slachtoffer sinleas geweld (* 1967) oktober 16 - James A. Michener, Amerikaansk skriuwer (* 1907) 16 - Hugo Kingmans, Nederlânsk sjoernalist (* 1923) 21 - Maarten van Traa, Nederlânsk politikus (* 1945) 23 - Bert Haanstra, Nederlânsk filmregisseur (* 1916) 28 - Tieme Veenstra, Frysk fuotballer (* 1916) 31 - George Roth, Amerikaansk turner (* 1911) novimber 5 - Isaiah Berlin, Britsk filosoof en politikolooch (* 1909) 15 - Coen van Vrijberghe de Coningh, Nederlânsk akteur (* 1950) desimber 6 - Willy den Ouden, Nederlânsk swimster (* 1918) 21 - Sacco van der Made, Nederlânsk akteur en stimartyst (* 1918) 23 - Joop Verbeke, Frysk muzikant (* 1930) 23 - Louw de Jong, Frysk moardslachtoffer (* 1971) 25 - Denver Pyle, Amerikaansk akteur (* 1920)

datum ûnbekend Cornelis Roersma Frysk sjoernalist (* 1901) Gerrit Bouma, Frysk bestjoerder (* 1907) Aaltje Terpstra, Frysk hurdrydster (* 1916) Bokke Bok, Frysk stukadoar en hurdfytser (* 1920)

Bisten 28 desimber - Sunny Boy, ferneamde fokbolle (* 1985)

Literatuer romans J.K. Rowling, Harry Potter and the Philosopher's Stone (oerset yn it Frysk as Harry Potter en de Stien fan 'e Wizen) Lee Child, Killing Floor Julie E. Czerneda, A Thousand Words for Stranger koarte ferhalen Theun de Vries, De Bearejacht

Films Anaconda The Fifth Element G.I. Jane Her Majesty, Mrs Brown Jackie Brown Kull the Conqueror L.A. Confidential The Lost World: Jurassic Park Tomorrow Never Dies

Muzyk albums Toby Keith, Dream Walkin' singles Chely Wright, Just Another Heartache De Kast, In Nije Dei Toby Keith, We Were in Love

Kategory:20e iuw