Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1990-er jierren. Foarfallen jannewaris 1 - It âlde Tsjechoslowakije wurdt op freedsume wize opheft en dêrfoar yn 't plak komme de nije, ûnôfhinklike lannen Tsjechje en Slowakije. 1 - It Grinslânske diel fan Strobos giet oer nei Achtkarspelen. febrewaris 23 - By in bomoanslach op it World Trade Center yn New York komme 6 minsken om en reitsje 1.042 oaren ferwûne. Dit is ien fan 'e ierste oanslaggen troch de islamistyske terreurbeweging Al-Qaida. april 19 - By it Bloedbad fan Waco giet it troch de Amerikaanske plysjetsjinst ATF belegere gebouwekompleks fan 'e sekte fan 'e Branch Davidians yn flammen op. Der falle 76 deaden. maaie 24 - Nei in troch de Feriene Naasjes beävensearre referindum wurdt de ûnôfhinklikheid fan Eritreä ynternasjonaal erkend. augustus 4 - Erik Seerden, Rinse Bleeker en Thomas van der Meer winne yn Frjentsjer de 140ste PC. Thomas van der Meer wurdt útroppen ta kening. 6 - It earste Fryske en beskôgjende Karmelkleaster slút de doarren. septimber 13 - Yn Washington, D.C. ûndertekenje de Israelyske premier Yitzhak Rabin en de Palestynske foaroanman Yasser Arafat ûnder bemiddeling fan 'e Amerikaanske presidint Bill Clinton de Oslo-akkoarten, dy't in earste stap wêze moatte op 'e wei nei frede yn it Midden-Easten. 22 - By de treinramp fan Big Bayou Canot, yn it suden fan 'e Feriene Steaten, komme 47 minsken om. oktober 3-4 - As Amerikaanske militêren, dy't ûnder de Somalyske Boargeroarloch yn Mogadisjû stipe biede oan 'e UNOSOM II-fredesmacht fan 'e Feriene Naasjes, besykje om inkele heechpleatste funksjonarissen fan 'e rebellegroep SNA op te pakken, stjitte se op mear wjerstân as ferwachte. By in dei fan fûleindige gefjochten dy't bekend komme stean as de Slach om Mogadisjû, wurde twa Amerikaanske helikopters delhelle, komme 19 Amerikanen om en reitsje 73 ferwûne. Troch dit ynsidint bekuollet de Amerikaanske reewilligens om diel te nimmen oan fredesmachten folslein. desimber 13 - Falko Zandstra fan It Hearrenfean wurdt yn Hamar wrâldkampioen reedriden oer-alles.

Berne jannewaris 9 - Ashley Argota, Amerikaansk aktrise 28 - Will Poulter, Ingelsk akteur febrewaris 10 - Mia Khalifa, Libaneesk-Amerikaansk pornoaktrise maart 2 - Manon Scheepstra, Frysk keatster 4 - Bobbi Kristina Brown Amerikaansk sjongeres († 2015) 5 - Letitia de Jong, Frysk reedrydster april 5 - Jayden Lee, Amerikaansk pornoaktrise 19 - Daisy Summers, Súdkoreaansk-Amerikaansk pornoaktrise maaie 1 - Dylan Drent, Frysk keatser 13 - Debby Ryan, Amerikaanske aktrise en sjongster 28 - Kimberly Kendall, Amerikaansk pornoaktrise juny 6 - Frida Gustavsson, Sweedsk fotomodel july 1 - Jade Jantzen, Amerikaansk pornoaktrise 31 - Nona, Nederlânsk sjongeres augustus 8 - Kawennáhere Devery Jacobs, Kanadeesk aktrise 17 - Cassidy Banks, Amerikaansk pornoaktrise 20 - Anouska Koster, Frysk hurdfytster 22 - Laura Dahlmeier, Dútsk biatlete († 2025) septimber 8 - Alina Li, Sineesk pornoaktrise 9 - Sharon van Rouwendaal, Nederlânsk swimster oktober 14 oktober - Charlie Kirk, Amerikaansk polityk aktivist en skriuwer 26 - Lisa Smit, Nederlânsk aktrise novimber 7 - Monica Beets, Kanadeesk goudsykster en realitypersoanlikheid 13 - Lucas Hamming, Nederlânsk sjonger desimber 5 - Michelle Gisin, Switsersk skyster 21 - Pascal Tan, Nederlânsk akteur datum ûnbekend Nadia Moerad, Iraaksk minskerjochte-aktiviste en Nobelpriiswinneresse Timo Jepkema, Frysk ferslachjouwer Roelof ten Napel, Nederlânsk skriuwer Dana de Vries, Frysk selliste

Ferstoarn jannewaris 20 - Audrey Hepburn, Amerikaanske aktrise (* 1929) febrewaris 27 - Lillian Gish, Amerikaanske aktrise (* 1893) 27 - José Álvarez de Bohórquez, Spaansk hynstesporter (* 1895) 28 - Marten van der Hem, Frysk keatser (* 1913) maart 2 - Pieter de Boer, Frysk lânboukundige (* 1906) 6 - Mense Ruiter, Nederlânsk oargelbouwer (* 1908) 19 - Roger Michelot, Frânsk bokser (* 1912) 19 - Bart Tammeling, Nederlânsk sjoernalist (* 1934) april 7 - Sjouke Westra, Nederlânsk reedrider en alvestêdetochtwinner (* 1907]) 9 - Anne van der Mark, Frysk komponist en dichter (* 1921) 14 - Jo boer, Nederlânske skriuwster (* 1907) 22 - Bertus Aafjes (Jan Oranje), Nederlânske skriuwer en dichter (* 1914) 29 - Sybren van Tuinen, Fryske skiedkundige, boargemaster en fersetsman (* 1913) maaie 9 - Penelope Gilliatt, Ingelsk skriuwster en filmkritika (* 1932) 11 - Torsten Ullman, Sweedsk sportsjitter (* 1908) 26 - John Henri uit den Bogaard, Nederlânsk skriuwer en ûnderwizer (* 1911) 28 - Ugo Locatelli, Italjaansk fuotballer (* 1916) juny 3 - Joe Fortenberry, Amerikaansk basketballer (* 1911) 5 - James Hunt, Ingelsk Formule 1 koereur (* 1947) 22 - Pat Nixon, Amerikaansk presidintsfrou (* 1912) 24 - Archie Williams, Amerikaansk atleet (* 1915) 26 - Willy van Hemert, Nederlânsk akteur en regisseur (* 1912) july 4 - Wil Bruin, Nederlânsk byldzjend keunstner (* 1917) 12 - Lily Bouwmeester, Nederlânsk aktrise (* 1901) 28 - Herbert Joeks, Nederlânsk akteur en sjonger (* 1915) 30 - Jay Scott, Amerikaansk-Kanadeesk filmkritikus (* 1949) 31 - kening Boudewijn fan Belgje (* 1930) augustus 6 - Robert Kiesel, Amerikaansk sprinter (* 1911) 17 - Thys Polstra, Frysk toanielskriuwer (* 1905) septimber 16 - Johanna Zandstra-Giezen, Aldste persoan fan Nederlân (* 1882) 30 - Paul Nowee, Nederlânsk sjoernalist en skriuwer (* 1936) oktober 3 - Johan Scheps, Nederlânsk politikus en aktivist foar it Frysk (* 1900) 8 - Manke Nelis, Nederlânsk sjonger (* 1919) 10 - Adriaan van der Meulen, Frysk politikus (* 1901) 12 - Pieter van der Brug, Frysk byldzjend keunstner (* 1897) novimber 19 - Hans Peter Richter, Dútsk skriuwer en útjouwer (* 1925) 22 - Jan Dijkstra, Frysk politikus (* 1910) 24 - Thomas Yellowtail, Amerikaansk aktivist en medisynman fan 'e Krieën (* 1903) desimber 2 - Yge Foppema, Nederlânsk dichter en sjoernalist (* 1901) 4 - Frank Zappa, Amerikaansk gitarist (* 1940)

Films Indecent Proposal Jurassic Park Last Action Hero Made in America A Perfect World Philadelphia The Remains of the Day RoboCop 3 Schindler's List Sleepless in Seattle

Tillefyzje Flodder Star Trek: Deep Space Nine

Kategory:20e iuw