Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1990-er jierren. Foarfallen jannewaris 15 - Joegoslaavje wurdt opspjalten. 17-24 - De Paralympyske Winterspullen wurde holden yn Tignes-Albertville. 19 - De krekt tweintichjierrige Falko Zandstra wurdt de jongste Europeeske kampioen reedriden fan alle tiden. febrewaris 7 - By it Ferdrach fan Maastricht wurdt de Jeropeeske Mienskip omfoarme ta de Jeropeeske Uny. 8-23 - De Olympyske Winterspullen wurde holden yn Tignes-Albertville. maart 1 - Bosnje-Hertsegovina ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Joegoslaavje. 2 - De Transnistryske Oarloch brekt út as Moldaavje de opstannige krite Transnistrje wer ûnder syn macht besiket te bringen. 18 - Microsoft bringt Windows 3.1 út. april 12 - Yn Parys giet it ferdivedaasjepark Euro Disney iepen. 14 - SC Cambuur Ljouwert wurdt kampioen en promovearret sadwaande nei de Earedifyzje. 29 - De blanke Amerikaanske plysjes dy't op 3 maart 1991 de swarte man Rodney King mishannelen, wurde by in rjochtsaak frijsprutsen fan alle oanklachten. Dit liedt ta dagenlange Opskuor yn Los Angeles, wêrby't de swarte befolking yn opstân komt tsjin wat yn harren eagen ûnrjocht is. maaie 31 - De troch Joegoslavyske troepen belegere stêd Dubrovnik wurdt ûntset troch it Kroätyske leger. juny 19 - Begjin fan 'e Bosnyske Oarloch. july 21 - De Transnistryske Oarloch einiget yn in ympasse. 23 - Abgaazje ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Georgje. 25-9 augustus - De Olympyske Simmerspullen wurde holden yn Barselona. 29 - Erik Seerden, Rinse Bleeker en Thomas van der Meer winne yn Frjentsjer de 139ste PC. Rinse Bleeker wurdt útroppen ta kening. augustus augustus - By de orkaan Andrew komme op 'e Bahama's en yn 'e Feriene Steaten 65 minsken om en wurdt foar $26,5 miljard oan skea oanrjochte. Fral Floarida wurdt swier troffen. septimber 3-14 - De Paralympyske Simmerspullen wurde holden yn Barselona. oktober 4 - De Bijlmerramp: in Israelysk transportfleantúch fan loftfeartmaatskippij El Al stoart del op in flatgebou yn 'e Bijlmer, yn Amsterdam. Der falle 43 deaden. desimber 21 - By de fleanramp fan Faro, yn Portegal, mei in ferkearsfleantúch fan 'e Nederlânske loftfeartmaatskippij Martinair, komme 56 minsken om.
Berne jannewaris 1 - Anna-Jet Leyenaar, Frysk fierljepster 4 - Quincy Promes, Nederlânsk fuotballer 10 - Katee Owen, Amerikaansk webcamgirl 24 - Mary Opeloge, Samoaansk gewichthefster 26 - Rixt van der Horst, Frysk dressuerruter en Paralympysk dielnimmer febrewaris 7 - Maimi Yajima, Japansk sjongster en aktrise 7 - Megan Vaughn, Amerikaansk pornoaktrise 11 - Taylor Lautner, Amerikaansk akteur 13 - Sanne Bakker, Frysk sitfollybalster 21 febrewaris - Whitney Taylor, Amerikaansk pornoaktrise maart 26 - Nina Agdal, Deensk fotomodel en mannekên 30 - Bob Schepers, Nederlânsk fuotballer april 7 - Kaitlan Collins, Amerikaansk ferslachjouster 7 - Doke Schmidt, Frysk fuotballer 24 - Yuki Kobayashi, Japansk fuotballer 27 - Arwen Gold, Russysk pornoaktrise 29 - Priya Price, Amerikaansk pornoaktrise maaie 6 - Victoria June, Amerikaansk pornoaktrise 11 - Ashlynn Leigh, Amerikaansk pornoaktrise 13 - Johannes Rypma, Frysk sjonger 19 - Eleanor Tomlinson, Ingelsk aktrise en model 30 - Stephanie Au, Hongkongsk swimster juny 5 - Ryanne Veldkamp, Frysk skriuwster 7 - Annes Elwy, Welsk aktrise 8 - Katt Dylan, Amerikaansk pornoaktrise 9 - Lusanne van der Gun, Frysk ûntfieringsslachtoffer 12 - Kylie Kalvetti, Amerikaansk pornoaktrise 21 - Irene Schouten, Nederlânsk reedrydster 27 - Sophie Hijlkema, Frysk radio-dj 30 - Kelsi Monroe, Amerikaansk pornoaktrise july 10 - Kelley Mack, Amerikaansk aktrise († 2025) 17 - Sverre Lunde Pedersen, Noarsk reedrider 31 - Kyle Larson, Amerikaansk koereur augustus 7 - Wout Weghorst, Nederlânsk fuotballer 16 - Thomas Krol, Nederlânsk reedrider 23 - Dennis Veenker, Frysk atleet en bobslider septimber 1 - Kirani James, Grenadaansk atleet 4 - Sara Hector, Sweedsk skyster 12 - Johannes Strolz, Eastenryksk skyer 19 - Erin Jackson, Amerikaansk reedrydster oktober 1 - Leilani Leeane, Amerikaansk pornoaktrise 2 - Håvard Lorentzen, Noarsk reedrider 27 - Karolína Erbanová, Tsjechysk reedrydster en iishockeyster novimber 11 - Iris Kroes, Frysk sjongster en harpspylster 15 - Jody Lukoki, Kongoleesk-Nederlânsk fuotballer († 2022) 15 - Sofia Goggia, Italjaansk skyer 19 - Tove Styrke, Sweedsk sjongeres desimber 12 - Douwe Bob, Nederlânsk sjonger 14 - Samira El Idrissi, Frysk taekwondo-beoefenster 16 - Lieke Martens, Nederlânsk fuotbalster datum ûnbekend Satu Ketellapper, Frysk linedancingkampioene
Ferstoarn jannewaris 2 - Maurice Perrin, Frânsk baanhurdfytser (* 1911) 2 - Hette Abma, Frysk politikus (* 1917) 21 - Willem Bosma Frysk keatser (* 1914) febrewaris 3 - Knut Fridell, Sweedsk wrakselder (* 1908) 5 - Bill Wheatley, Amerikaansk basketballer (* 1909) 9 - Boonsong Lekagul, Taisk biolooch (* 1907) 10 - Rienk Zwaga, Frysk skûtsjesiler (* 1932) 12 - Bep van Klaveren, Nederlânsk bokser (* 1907) 18 - Sylvain Arend, Belgysk astronoom (* 1902) maart 5 - Giuseppe Olmo, Italjaansk hurdfytser (* 1911) 12 - Hans G. Kresse, Nederlânsk striptekener (* 1921) 23 - Friedrich von Hayek, Eastenryksk ekonoom en polityk filosoof (* 1899) 27 - Gordon Adam, Amerikaansk roeier (* 1915) april 5 - Sam Walton, Amerikaansk ûndernimmer (* 1918) 6 - Isaac Asimov, Amerikaansk skriuwer en biogemikus (* 1920) 20 - Marjorie Gestring, Amerikaansk keunstdûkster (* 1922) 28 - Francis Bacon, Ingelsk keunstskilder (* 1909) maaie 6 - Roelofje Akkerman-Huisman, Aldste persoan fan Fryslân (* 1884) 6 - Marlene Dietrich, Dútsk-Amerikaansk aktrise en sjongeres (* 1901) 23 - James Blair, Amerikaansk roeier (* 1909) 25 - Johan Polak, Nederlânsk publisist (* 1928) juny 9 - Jant Visser-Bakker, Frysk skriuwster en oersetster (* 1906) 21 - Joan Fuster, Falinsiaansk skriuwer (* 1922) 23 - Pieter Vries, Frysk boargemaster (* 1915) july 7 - Ruurd Faber, Nederlânsk politikus (* 1912) 23 - Willem Keune, Nederlânsk argivaris (* 1922) augustus 5 - Tante Leen, Nederlânsk sjongeres (* 1912) 6 - Gideon Kruseman, Nederlânsk biolooch (* 1904) 12 - John Cage, Amerikaansk komponist (* 1912) 13 - Jan Elburg, Nederlânsk dichter (* 1919) 14 - Piet de Vries, Nederlânsk arsjitekt (* 1897) 15 - Abraham Wassenbergh, Frysk keunsthanneler (* 1897) septimber 5 - László Rajcsányi, Hongaarsk skermer (* 1907) 8 - Donald Guthrie, Ingelsk teolooch en publisist (* 1916) 17 - Ralph Schwarz, Nederlânsk roeier (* 1976) oktober 4 - Denis Hulme, Nijseelânsk Formule 1-koereur (* 1936) 8 - Willy Brandt, bûnskânselier fan West-Dútslân (* 1913) 12 - Alexander Pola, Nederlânsk akteur, tekstskriuwer en komyk (* 1914) 18 - Johannes Tilkema, Frysk politikus (* 1916) 23 - Dirk Torensma, Frysk boargemaster (* 1899) novimber 5 - Jan Hendrik Oort, Nederlânsk astronoom (* 1900) 5 - Ulbe Zwaga, Frysk Skûtsjeskipper (* 1907) 8 - Kees Broekman, Nederlânsk reedrider (* 1927) 9 - Allert Nanne Duintjer, Nederlânsk notaris en bestjoerder (* 1905) 11 - Earle Meadows, Amerikaansk heechljepper (* 1913) desimber 10 - Josephine McKim, Amerikaansk swimster (* 1910) 16 - Anton Koolhaas, Nederlânsk skriuwer (* 1912) 20 - Hendrik Obreen, Nederlânsk skiedkundige (* 1905) 26 - Jan Flinterman, Nederlânsk piloat en Formule 1-koereur (* 1919) 30 - César Domela Nieuwenhuis, Nederlânsk byldzjend keunster (* 1900)
Literatuer romans Lois McMaster Bujold, The Spirit Ring
Films Basic Instinct Flodder in Amerika! Reservoir Dogs
Kategory:20e iuw