Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1990-er jierren. Foarfallen jannewaris 17 - Mei Operaasje Desert Storm begjint de Golfoarloch, wêrby't in brede koälysje fan lannen ûnder oanfiering fan 'e Feriene Steaten Koeweit befrijt fan 'e besetting troch Irak. febrewaris 14 - Yn it Gelderske Culemborg, hat in ûntploffing yn in fjoerwurkfabryk plak, dy late ta 2 deaden en 20 á 30 ferwûnen. maart 1 maart-5 april - Yn it noarden fan Irak brekt de Sânde Koerdysk-Arabyske Oarloch út (ek wol de Nasjonale Opstân neamd), wylst yn it suden de Sjiïtyske Opstân (of de Sha'aban Intifada) begjint. Beide konflikten kinne troch it Iraakske regear ûnderdrukt wurde as bliken docht dat de Feriene Steaten en harren bûnsgenoaten net fan doel binne om 'e opstannelingen aktyf te stypjen. 11 - Litouwen wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny. april 9 - Georgje ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Sovjet-Uny. maaie 18 - Somalilân (it eardere Britsk-Somalilân) ferklearret him ûnôfhinklik fan Somaalje. 21 - De Yndiaaske premier Rajiv Gandhi wurdt fermoarde by in selsmoardoanslach troch in Tamyl-ekstremist. 24 - Eritreä ropt de ûnôfhinklikheid út. juny 15 - De fulkaan de Pinatubo, op 'e Filipinen, barst út. It is wrâldwiid de grutste útbarsting sûnt 1912. 25 - Kroaasje en Sloveenje roppe de ûnôfhinklikheid út en meitsje har los fan 'e Joegoslaavje. 26 - It Joegoslavyske Folksleger falt Sloveenje binnen. De Joegoslavyske Oarloggen begjinne. july 1 - It Warsjaupakt wurdt formeel opheft. 31 - Erik Seerden, Rinse Bleeker en Thomas van der Meer winne yn Frjentsjer de 138ste PC. Erik Seerden wurdt útroppen ta kening. augustus 18 - Jitiizer, Frysktalige popgroep fan Sint-Nyk, oprjochte. 19 - By de Augustuspûtsj besykje leden fan it regear fan 'e Sovjet-Uny om presidint Michail Gorbatsjov ôf te setten en syn herfoarmings werom te draaien. Dat mislearret, wêrnei't it útinoarfallen fan 'e Sovjet-Uny net mear te kearen is. 19 - Gagaûzje ferklearret him ûnôfhinklik fan Moldaavje. 20 - Estlân ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Sovjet-Uny. 21 - Letlân ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Sovjet-Uny. 24 - De Oekraïne ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Sovjet-Uny. 25 - Wyt-Ruslân ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Sovjet-Uny. 27 - Moldaavje ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Sovjet-Uny. 30 - Azerbeidzjan ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Sovjet-Uny. 31 - Kirgyzje en Oezbekistan roppe de ûnôfhinklikheid út en meitsje har los fan 'e Sovjet-Uny. septimber 2 - Nagorno-Karabach ferklearret him ûnôfhinklik fan 'e Azerbeidzjan. 8 - Masedoanje ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Joegoslaavje. 9 - Tadzjikistan wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny. 21 - Armeenje wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny. oktober 1 - Yn it ramt fan 'e Kroätyske Unôfhinklikheidsoarloch begjint it Belis fan Dubrovnik troch it Joegoslavyske leger. 27 - Turkmenistan wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny. novimber 12 - By it Bloedbad fan Santa Cruz sjit it Yndonezyske leger yn East-Timor mear as 250 freedsume demonstranten dea. 23 - De Pakjesboat 12 fan Sinteklaas leit oan yn Hylpen. desimber 6 - Under it Belis fan Dubrovnik berikke de artillerybesjittings fan 'e Kroätyske havenstêd troch it Joegoslavyske leger in hichtepunt. 16 - Kazachstan wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny. 21 - Súd-Osseesje ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Georgje. 25 - Ruslân wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny, dy't dêrmei ophâldt te bestean. datum ûnbekend Tim Berners-Lee betinkt en ûntwikkelt de webbrowser en de markeartaal HTML, om wittenskiplike dokuminten tagonklik te meitsjen, letter brûkt foar it opmeitsjen fan siden foar ynternet.
Berne jannewaris 7 - Caster Semenya, Súdafrikaansk atlete 21 - Thomas van Zuiden, Frysk keatser 24 - Jett Rebel, Nederlânsk Multy-instrumintalist 31 - Nicole Koolhaas, Nederlânsk follybalster febrewaris 10 - Merel Baldé, Nederlânsk sjongeres 21 - Yvonne Nauta, Frysk reedrydster april 2 - Marjolijn Kroon, Nederlânsk kuorbalster 11 - James Magnussen, Australysk swimmer 20 - Marieke Lucas Rijneveld, Nederlânsk skriuwster 27 - Lara Gut-Behrami, Switsersk skyster 30 - Shelly Sterk, Nederlânsk presintatrise en dokumintêremakster maaie 5 - Robin de Kruijf, Nederlânsk follybalster 9 - Majlinda Kelmendi, Kosovaarsk judoka 14 - Erica Fontes, Portegeesk pornoaktrise 17 - Gina Gerson, Russysk pornoaktrise 22 - Ilona Hoeksma, Frysk hurdfytster 23 - Nicole Sabouné, Sweedsk sjongster 28 - August Taylor, Amerikaansk pornoaktrise juny 1 - Amy Pieters, Nederlânsk hurdfytster 7 - Emily Ratajkowski, Amerikaansk model 22 - Gabriella Paltrova, Amerikaansk pornoaktrise 28 - Kevin De Bruyne, Belgysk fuotballer july 20 - Carla de Bruine, Frysk sjongeres 22 - Nadia Ali, Amerikaansk pornoaktrise augustus 1 - Veronica Rodriguez, Fenezolaansk pornoaktrise 8 - Kody Keplinger, Amerikaansk skriuwster 25 - Stephan van Baarle, Nederlânsk politikus 27 - Katya Sambuca, Russysk stripper en neakenmodel septimber 4 - Sosha Duysker, Nederlânsk presintatrise en ferslachjouster 9 - Kelsey Chow, Amerikaansk aktrise 12 - Dilan Yurdakul, Nederlânsk aktrise 16 - Douwe Amels, Frysk heechspringer 17 - Sanne Wevers, Frysk turnster 17 - Lieke Wevers, Frysk turnster 21 - Ingrid Andress, Amerikaansk sjongster 25 - Jan van der Bij, Frysk roeier 27 - Shay Evans, Portorikaansk pornoaktrise 27 - Dillion Harper, Amerikaansk pornoaktrise novimber 4 - Adriana Chechik, Amerikaansk pornoaktrise 15 - Shailene Woodley, Amerikaansk aktrise 30 - Sean Lawless, Amerikaansk pornoakteur datum ûnbekend Nice Leng'ete, Keniaansk minskerjochte-aktiviste
Bisten 7 febrewaris - Eastland Cash, ferneamde fokbolle († 2005) datum ûnbekend - Wabe, filmhynder († 2015)
Ferstoarn jannewaris 1 - Charles B. Timmer, Nederlânsk skriuwer en dichter (* 1907) 9 - Chris Baay, Nederlânsk akteur (* 1904) 11 - Uke Tellegen-Veldstra, Frysk politikus (* 1910) 17 - kening Olaf V fan Noarwegen (* 1903) 19 - Dirk Matzer van Bloois, Nederlânsk politikus (* 1907) 26 - Johnny van Doorn, Nederlânsk dichter (* 1944) febrewaris 18 - Maurits Troostwijk, Frysk jurist en politikus (* 1914) maart 3 - Clara Eggink, Nederlânsk dichter (* 1906) 5 - Trijntje Jansma-Boskma, Aldste persoan fan Nederlân (* 1882) 7 - Bruno Venturini, Italjaansk fuotballer (* 1911) 12 - William Heinesen, Fêreusk skriuwer (* 1900) 13 - Cor Witschge (Pipo de Clown), Nederlânsk akteur (* 1925) 23 - Fons Jansen, Nederlânsk kabaretier (* 1925) april 3 - Graham Greene, Ingelsk skriuwer (* 1904) 9 - Forrest Towns, Amerikaansk atleet (* 1914) 14 - Pietje Feitsma, Frysk reedrider (* 1918) 16 - David Lean, Ingelsk regisseur (* 1908) 28 - Jean Goujon, Frânsk hurdfytser (* 1914) 30 - Jo Smit, Frysk skriuwer en sjoernalist (* 1916) maaie 14 - Aladár Gerevich, Hongaarsk skermer (* 1910) 23 - Jacob Kalma, Frysk predikant en skiedkundige (* 1907) juny 13 - Tabe Beintema, Frysk boekhanneler, frisiast en oersetter (* 1912) 16 - Vicki Brown, Ingelsk sjongster (* 1940) 27 - Klaas Bruinsma, Nederlânsk krimineel (* 1953) 27 - Molly Geertsema, Nederlânske politikus (* 1918) july 4 - Adriaan Anker, Nederlânsk politikus (* 1920) 10 - Adam Jaarsma, Frysk predikant, skriuwer en oersetter (* 1914) 16 - Meindert de Jong, Frysk skriuwer (* 1906) 21 - Helen Meany, Amerikaansk keunstdûkster (* 1904) augustus 5 - Soichiro Honda, Japanske ûndernimmer (* 1906) 28 - Erich Schatzki, Dútsk yngenieur en fleanmasineûntwerper (* 1898) septimber 15 - Petronella Burgerhof, Nederlânsk turnster (* 1908) 21 - Mirza Masood, Yndiaask hockeyer (* 1906) 28 - Miles Davis, Amerikaansk muzikant en komponist (* 1926) oktober 15 - Hotze de Roos, Frysk berneboekeskriuwer (* 1909) 17 - Tennessee Ernie Ford, Amerikaansk sjonger en akteur (* 1919) 18 - Jan Broos, Frysk skiedkundige (* 1913) novimber 6 - Walle Melis Oppedijk van Veen, Nederlânsk politikus (* 1906) 6 - Harriet Bland, Amerikaansk atlete (* 1915) 12 - Oepke Plat, Frysk jirpelkeapman en koardirigint (* 1897) 20 - Arthur Charles Hind, Yndiaask hockeyer (* 1904) 23 - Klaus Kinski, Dútsk akteur (* 1926) 24 - Freddie Mercury, Ingelsk sjonger (* 1946) desimber 1 - Pat O'Callaghan, Iersk kûgelslingerder (* 1905) 9 - Gisèle Lestrange, Frânsk grafysk ûntwerper (* 1927) 17 - Carl Shy, Amerikaansk basketballer (* 1908) datum ûnbekend Lamkje Hof-De Boer, Stellingwerfsk skriuwster en dichteresse (* 1908) Helen Spalding, Ingelsk dichteresse (* 1920)
Literatuer romans Lois McMaster Bujold, Barrayar
Films City Slickers Doc Hollywood Star Trek VI: The Undiscovered Country Terminator 2: Judgment Day Thelma & Louise
Kategory:20e iuw