Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1990-er jierren. Foarfallen jannewaris 7 - Rintje Ritsma wurdt Europeesk kampioen reedriden. febrewaris 4 - Omrop Fryslân begjint om 18.50 oere jûns mei regionale TV. 12-27 - De Olympyske Winterspullen wurde hâlden yn Lillehammer. maart 10-19 - De Paralympyske Winterspullen wurde hâlden yn Lillehammer. 14 maart - De earste stien fan it nije Abe Lenstra Stadion wurdt lein troch Riemer van der Velde. 31 maart - De lêste Amerikaanske soldaten ferlitte Somaalje. It weromlûken fan 'e Amerikaanske troepen út 'e UNOSOM II-fredesmacht fan 'e Feriene Naasjes is in gefolch fan 'e Slach om Mogadisjû, yn oktober 1993, wêrby't 19 Amerikanen omkamen. april 6 - Yn Rwanda begjint de Rwandeeske Genoside fan Hûtû's op 'e Tûtsys en op moderate Hûtû's. Hjirby wurde omtrint 800.000 minsken fermoarde maaie 6 - Iepening fan 'e Kanaaltunnel tusken Frankryk en Ingelân. 10 - Nelson Mandela wurdt presidint fan Súd-Afrika. Dêrmei is it tiidrek fan 'e apartheid foargoed foarby. 21 - It eardere Súd-Jemen ferklearret him ûnôfhinklik as de Demokratyske Republyk Jemen. Dit liedt ta it útbrekken fan 'e Earste Jemenityske Boargeroarloch. july 1 - Oan de ein fan 30 juny (UTC 0) wurdt in skrikkelsekonde ynfoege. 7 - Aden falt yn 'e hannen fan it Jemenityske regearingsleger. Dêrmei is de ôfskieding fan it eardere Súd-Jemen de kop yndrukt en komt in ein oan 'e Earste Jemenityske Boargeroarloch. augustus 3 - Coos Veltman, Johannes van Dijk en Hotse Rusticus winne yn Frjentsjer de 141ste PC. Coos Veltman wurdt útroppen ta kening. 10 - Berltsum wurdt de winner fan de Freulepartij. 12 - Tjitte Sietsesz Brouwer wint mei de Gerben van Manen foar It Hearrenfean it SKS-Skûtsjesilen. 20 - Iepening fan it Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean. septimber 28 - Der falle 852 deaden as de fearboat MS Estonia yn 'e Eastsee te sink giet. oktober 1 - Palau wurdt ûnôfhinklik fan 'e Feriene Steaten. novimber 9 - Stifting fan de Havankstichting Mateor. desimber 11 - Ruslân falt it opstannige Tsjetsjeenje binnen: it begjin fan 'e Earste Tsjetsjeenske Oarloch. 23 - Gagaûzje kriget in autonome status binnen it steatsbestel fan Moldaavje, en jout yn ruil dêrfoar it stribjen nei ûnôfhinklikheid op.
Berne febrewaris 27 - Frerik de Swetser, Frysk sjonger maart 1 - Justin Bieber, Kanadeesk sjonger 2 - Megan Salinas, Amerikaansk pornoaktrise 27 - Jureka del Mar, Taisk pornoaktrise april 7 - Andries Noppert, Frysk fuotballer 11 - Duncan Laurence, Nederlânsk sjonger 15 - Shaunae Miller, Bahamaansk atlete 17 - Dakota Skye, Amerikaansk pornoaktrise († 2021) 20 - Pavel Kûlizjnikov, Russysk reedrider maaie 7 - Skyla Novea, Amerikaansk pornoaktrise 16 - Jochum van der Woude, Frysk akteur en kollumnist 19 - Dyami Millarson, Nederlânsk taalaktivist foar it Frysk 20 - Abbey Hoes, Nederlânsk aktrise 22 - Miho Takagi, Japansk reedrydster juny 9 - Demetrice Nguyen, Amerikaansk akteur 9 - Keisha Grey, Amerikaansk pornoaktrise 13 - Itzhak de Laat, Frysk shorttracker july 16 - Kira Noir, Amerikaansk pornoaktrise septimber 1 - Carlos Sainz, Spaansk koereur 15 - Mhairi Black, Skotsk politika 15 - Wout van Aert, Flaamsk hurdfytser 25 - Kai Verbij, Nederlânsk reedrider 28 - Corinne Suter, Switsersk skyster novimber 24 - Sylvana IJsselmuiden, Frysk presintatrise en aktrise 24 - Shae Summers, Amerikaansk pornoaktrise desimber 1 - Céline van Gerner, Nederlânsk turnster 10 - Marieke Swart, Frysk sjongster en presintatrise 17 - Noelle Easton, Amerikaansk pornoaktrise 24 - Daphne Groeneveld, Nederlânsk model 28 - Ada Sanchez, Amerikaansk pornoaktrise datum ûnbekend Esther de Jong - Frysk sjongeres
Ferstoarn jannewaris 8 - Hendrik Christiaan van de Leur, Nederlânsk arsjitekt (* 1898) 14 - Ivan Fuqua, Amerikaansk atleet (* 1909) 17 - Helen Stephens, Amerikaansk atlete (* 1918) 20 - Aar van de Werfhorst, Nederlânsk skriuwer en sjoernalist. (* 1907) 29 - Tollina Schuurman, Frysk atlete (* 1913) 30 - Pierre Boulle, Frânsk skriuwer (* 1912) febrewaris 2 - Marija Gimbutas, Litousk archeologe en antropologe (* 1921) 5 - Hotze Sytses Buwalda, Biltsk taalkundige (* 1915) 7 - Johannes Stavinga, Frysk keatser (* 1921) 9 - Ferry Huber, Nederlânsk politikus (* 1916) 11 - Sorrell Booke, Amerikaansk akteur (* 1930) 19 - Renske Vellinga, Frysk hurdrydster (* 1974) maart 1 - Henri Willem Karel Huyssen van Kattendijke, Nederlânsk politikus (* 1919) 3 - John Edward Williams, Amerikaansk skriuwer en dichter (* 1922) 9 - Charles Bukowski, Amerikaansk skriuwer en dichter (* 1920) 28 - Eugène Ionesco, Roemeensk-Frânsk skriuwer (* 1909) april 4 - André Derrien, Frânsk siler (* 1895) 4 - Olga Lowina, Nederlânsk sjongeres (* 1924) 5 - Kurt Cobain, Amerikaansk sjonger en gitarist (* 1967) 7 - Evert Hartman, Nederlânsk skriuwer (* 1937) 13 - Piet Engels, Nederlânsk politikus (* 1923) 22 - Richard Nixon, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1913) maaie 1 - Ayrton Senna, Brazyljaansk autokoereur (* 1960) 19 - Jackie Kennedy, Amerikaansk presidintsfrou (* 1929) 30 - Marten Buis, Frysk keunstskilder (* 1914) juny 9 - Jan Tinbergen, Nederlânk ekonoom en natuerkundige (* 1903) 15 - William Goodsir-Cullen, Yndiaask hockeyer (* 1907) 28 - Jan Wybenga, Frysk skriuwer (* 1917) july 11 - Savannah, Amerikaansk pornoaktrise (* 1970) 12 - Henk Terlingen, Nederlânsk radio- en telefyzjepresintator (* 1941) 13 - Feyo Schelto Sixma van Heemstra (Homme Eerntsma), Frysk keunsthistoarikus en skriuwer (* 1916) 14 - Jeanne Bieruma Oosting, Frysk keunstneresse (* 1898) 24 - Hermanus Gooike van Slooten, Frysk bestjoerder (* 1913) 31 - Caitlin Macnamara, Ingelsk skriuwer (* 1913) augustus 10 - Atze Oosterhoff, Frysk boargemaster (* 1906) 11 - Peter Cushing, Ingelsk akteur (* 1913) 11 - Alfred Salten, Dútsk-Nederlânsk muzikant en dirigint (* 1914) 12 - Harold Tower, Amerikaansk roeier (* 1911) 14 - Elias Canetti, Bulgaarsk-Britsk skriuwer (* 1905) 15 - Erik Anker, Noarsk siler (* 1903) 30 - Filippo Zappata, Italjaansk yngenieur en fleantúchûntwerper (* 1894) septimber 7 - Frederick Manfred, Amerikaansk skriuwer (* 1912) 15 - Moana Pozzi, Italjaansk pornoaktrise en politika (* 1961) oktober 1 - Bud Houser, Amerikaansk atleet (* 1901) 3 - Rupert Bruce-Mitford, Britsk archeolooch (* 1914) 8 - Frans Sijtsma, Frysk politikus (* 1899) 14 - Jacob Miedema, Nederlânsk politikus (* 1934) 23 - Cornelius Pama, Súd-Afrikaansk heraldikus en genealooch (* 1916) 25 - Antal Kocsis, Hongaarsk bokser (* 1905) novimber 7 - Charles Mathiesen, Noarsk reedrider (* 1911) 10 - Lammert Heeringa, Frysk keatser (* 1922) 18 - Cab Calloway, Amerikaansk muzikant (* 1907) 24 - Piet Kingma, Frysk komponist en dirigint (* 1926) desimber 16 - David Dunlap, Amerikaansk roeier (* 1910) 29 - Frank Thring, Australysk akteur (* 1926)
Literatuer prizen De Japanske skriuwer Kenzaburo Oë wint de Nobelpriis foar de Literatuer De Dútske auteur Adolf Muschg ûntfangt de Georg-Büchner-Priis romans James Clavell, Escape C.J. Cherryh, Foreigner Lois McMaster Bujold, Mirror Dance non-fiksje Elie Wiesel, Tous les Fleuves Vont à la Mer (oerset yn it Frysk as Alle Rivieren Rinne nei See)
Films Babewatch The Client Dumb and Dumber De Fjoertoer Interview with the Vampire It Could Happen to You The Mask Police Academy: Mission to Moscow The Specialist Star Trek: Generations
Muzyk singles Mariah Carey, All I Want for Christmas Is You Sigga, Nætur
Byldzjende keunst
Boukeunst
Kategory:20e iuw