Scuderia AlphaTauri wie in Italjaanske Formule 1-ploech út Faenza. Hja wie eigendom fan Red Bull GmbH en ûntstie troch de omneaming fan Scuderia Toro Rosso yn 2020. De namme ferwiisde nei AlphaTauri, it kleanmerk fan Red Bull. Yn 2024 waard de ploech op 'e nij omneamd ta RB en yn 2025 ta Racing Bulls.
Skiednis De ploech sette de Faenza-organisaasje fan Minardi en Toro Rosso fuort. Hoewol't hja in sustersploech fan Red Bull Racing wie, hie AlphaTauri in eigen konstrukteursynskriuwing en fabryk. De earste koereurs wiene Pierre Gasly en Daniil Kvyat. Gasly wûn fuort yn it earste seizoen de Grutte Priis fan Itaalje 2020 en waard yn 2021 tredde by de Grutte Priis fan Azerbeidzjan 2021. Dat bleaune de beide poadiumplakken fan AlphaTauri.
Nei Gasly en Kvyat rieden ûnder mear Yuki Tsunoda, Nyck de Vries, Daniel Ricciardo en Liam Lawson foar de ploech. AlphaTauri brûkte Honda-motoren en nei Honda syn formele fuortgean motoren mei Honda-technology ûnder de namme Red Bull Powertrains. De bêste konstruktuerseinstân wie it sechsde plak yn 2021.
Sjoch ek Formule 1 Scuderia Toro Rosso Red Bull Racing
Boarnen
Kategory:Formule 1 Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2020 Kategory:Organisaasje opheft yn 2023