De Magelhaenstrânljip (Haematopus leucopodus) is in Súdamerikaanske fûgel út de famylje fan 'e strânljipfûgels (Haematopodidae) binnen it skift fan 'e wilstereftigen. De soarte komt foar yn it suden fan Sily en Argentynje, ynklusyf de Falklâneilannen. De populaasje wurdt as net bedrige (Least Concern) beskôge.

Beskriuwing De Magelhaenstrânljip is in bûnte strânljip mei in lichemslingte fan 42–46 sintimeter. Unyk foar de soarte is in giele eachring om it each en de wite slachpinnen. Fierders hat de fûgel in lange oranje snaffel, in giel each en giele poaten. De kop, it boarst, de rêch, de wjukken en de sturt binne swart, wylst de ûnderkant wyt is.

Fersprieding en systematyk De fûgel briedt fan it suden fan Sintraal-Sily en Argentynje oant de arsjipel fan Kaap Hoarn en de Falklâneilannen. Hy wurdt ek sjoen op Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen, mar de status dêre is net dúdlik. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, wat betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield wurdt. Der is hybridisaasje fêststeld mei de Súdamerikaanske swarte strânljip (Haematopus ater).

Hâlden en dragen De fûgel briedt yn it binnenlân op gersflakten, dêr't er libbet fan wjirms en ynsektelarven. Bûten it briedseizoen libbet er lykwols oan 'e kust, dêr't er yt fan moksels, boarstelwjirms, krabben en kokkels.

By it brieden brûkt er ferskate strategyën om de oandacht ôf te lieden fan it nêst en de piken. Ien dêrfan is om it nêst te ferlitten en gewoan op in oar plak te gean sitten en te dwaan as er sabeare briedt; in oare is om de sturt en wjukken op te setten.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige. De ûntwikkeling fan 'e populaasje is lykwols ûndúdlik. De wrâldpopulaasje soe neffens in rûge rûzing fan 2023 út 30.700 oant 92.700 folwoeksen fûgels bestean.

Ofbylden.

Taksonomy en namme De Magelhaenstrânljip waard yn 1826 taksonomysk as soarte beskreaun troch Prosper Garnot. De wittenskiplike namme betsjut 'mei wite fuoten' (leukos = wyt, pous = foet).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strânljip Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen